Weppers snein 19-10

Ut- en ferslaggen 18-10
17 oktober 2014
Weppers moandei 20-10
19 oktober 2014

Foto’s C1
C1 fuotballe en wûn sneon tsjin Makkum C1. Wa’t der net bij wie, kin
hjir de foto’s besjen.

F2

F2 hoegde sneon net te fuotbaljen omdat de tsjinstanner him ôfmelde. Der wie no alle tiid om in moaie foto te nimmen.
Koach fan dizze ploech is  Ridsert Altenburg en de foto komt fan Jolanda Gaastra.

Werom
It jaske fan Jalko Tanja is werom en dêr is foaral mem Dieuwke tige bliid mei. Wij tinke dat heit Evert seit: Moai dat it der wer is.

ScHearrenfean-scCambuur
Hjoed de derby. Foar fanatike supporters in wichtige dei om in “healjier foarút” te kinnen. In taktyske analyze ûnder de titel “Steekspel of slagveld” is
hjir te sjen.

Doelpunten
De Vr2 fan SDS hiene dit seizoen noch net skoard. Juster diene se mar leafst 12 kear. Wij wien oh sa benijd nei de doelpuntenmaksters en hawwe se ûnderwilens trochkrigen:
Hester 4, Kirsten 3, Sieta, Rajsa, Carmen, Amarins

Ferslaggen
MD1 wûn juster miskien wol ferrassend fan it grutte MD1 fan Flevo Boys út Emmeloord. Femke Terpstra skeau in ferslachje. Ek Theo Postma, Boudewijn Kramer en Herman van der Weg klommen wer yn de pinne om wat te skriuwen oer D1, A1 en E5. Sjoch
hjir.

!