Weppers moandei 20-10

Weppers snein 19-10
19 oktober 2014
SDS-ledengearkomst
20 oktober 2014

SDS-ledengearkomst

Op woansdei 5 novimber is der wer us jierlijkse ledengearkomst!!!

Let op!!!
Dit begjint net sa as oars om 20.00 mar om       
        19:00 oere!!!

Dit yn ferbân mei de wedstriid Ajax – Barcelona.

Nei de gearkomst sille we it grutte skerm oandwaan en kinne we hjir meiinoar nei sjen!

We hoopje dat jimme allegearre komme!!!

                                        It Bestjoer.

Ek SDS F2 troch yn de beker
Ook SDS F2 is door naar de volgende ronde. De tegenstander had niet genoeg spelers en melde zich pas een half uur voor aanvang af.
Het wedstrijdsecretariaat.


Topskoarster

Al moai wat jierren hâlde wij de doelpuntenmakkers fan de senioren en de VR bij. It is noch net faak sa west dat ien fan froulju brutaal it earste plak ynnimt. No wol. Sjoch
hjir foar it klassemint oant no ta.

Clarence-sluier-Jaap
Ôfrûne sneon miste Jaap Toering by SDS 1 in penalty. Dat betsjut fansels in plakje yn de list fan de Clarence-Sluier-trofee. Hy wie sa sportyf om dan ek efkes op de foto te gean:

E1


Ek E1 is dit wykein op de foto kaam. It resultaat mei der wêze.

Handich
SDS C1 fuotballe sneon út tsjin Makkum C1. Doe ’t de bal hast it Iselmar ynfleach kaam it moai út dat Durk-Jorrit van der Eems krekt lâns fytste en de bal werom it fjild ynsmite koe.


Noch in ferslach fan SDS MD1
Net allinnich Femke Terpstra skreaun in ferslach oer de bekerwedstryd fan SDS MD1, mar ek Hans van der Schaar:
Juster hawwe de froulju fan MD1 it yn de 2e bekerronde opnaam tsjin de Flevo Boys, of better sein Flevo Girlz. It wie de hiele wike al dúdlyk dat yn de holle fan ús famkes de Flevo Girlz útgroeit wiene tot ûnferslaanbare fuotbalgoden. Us famkes begûnen de wedstryd dan ek hiel zenuwachtig. Sels ús topscoarder Benthe rôp nog nei de coach oan sydline foar it begjinsignaal: “Hans ik bin sa zenuwachtig”. En ik moat earyk wêze dat wie ik sels ek. Mar sa’n fiif minuten yn de wedstryd seach elstenien fanof de kant dat der miskien wol in kânske yn siet dat der  wûn wurde koe. De famkes fan MD1 seachen dat sels noch net en fuotbalden in bytsje skiterich. Geandewei de wedstryd kaam dochs ek it besef by ús famkes en stadich oan begûnen se der yn te leauwen. Der kaam knappe kânsen e it wie Benthe die’t nei 15 minuten spyljen de skoare op 1-0 sette. MD1 sette mear en mear druk op de Flevo Girlz , dit waard troch it middenfjild regiseard Femke, Esther en Fenna hâlden de bal einlyks konstant op e helte fan de tsjinstander. De baltsje dy’t der wol trochkaam waarden troch de ferdediging ûnder leiding fan Marrit knap oppakt en fan dêr út waard der wêr netsjes opbout. Besûnder hjir yn is dat ús fêste links en rjochtsbacks der net wiene, mar dat Froukje en Ilse S dit geweldich oppakten (KLASSE!). Opboue koe ek sa moai omdat de vleugelspilers Nynke, Siegrid en yn e twadde helte Jikke, goed bezig wiene frij te rinnen en dus goed oanspile koene wurde. Mei 1-0 de rêst yn en nei de rêst wiene sels de lêste sceptici der fan oertsjoeche dat der wûn wurde koe. Al gau yn e twadde helte waard Fenna oanspile en dy spatte wol sa útein dat der 21 famkes allinich mar tasjén koene hoe’t Fenna de bal yn it net fan de Flevo Girz skeat, 2-0. De Flevo Girlz preabearden echt wol oan te fallen, mar doarden dit mar mei in pear spilers to dwaan, omdat de spitsen Emma en Renske harren efteryn te folle bezich hâlden. It gefaar fan in counter wie harren te grut. De inkele kear dat de Flevo Girlz gefaarlyk wiene stie Petra koelbloedig te keepen en plukte alle ballen út de loft mar foaral foar de fuotten wei fan de tsjinstander. Oanfierder Femke makke sa’n fiif minuten foar it ein fan de wedstryd fanôf in aardige ofstân in skitterende goal, 3-0. Dit wie dan ek de einstân.
De spiler fan de wedstyd wie Anna, sy wie op tyd yn de box ûndanks dat se hartstikke beroerd wie. Helaas foar Anna wie se se syk dat se net spylje koe. Betterskip Anna!
Ús famkes hawwe wêr in knappe prestaasje delsetten en der wie lokkich genôch aardig wat publyk om hjir fan te genytsjen.
Klasse famkes gean sa troch!
Hans

Fan herte lokwinske!
Gerlof-Jan Hofstra en Bote Strikwerda binne hjoed beide jierdei! Fan herte lokwinske!

Derby
Dit wykein is der yn Fryslân hiel wat ôflult oer it fuotbal. Net elkenien is dêr entoesjast fan. Wij sjogge efkes foarút nei tongersdeitejûn want dan komt de hast grutste fuotbalhysteryhater nei Wommels. Maarten van Rossem lit yn dit filmke op fermaaklike toan heare wat
hij der allegear fan fynt. Tongersdei sil hij der yn it Dielshús fêst net oars oer tinke.

Harsens derby(1357)
De wepmaster mei it measte hier op de holle hâld net sa fan kofje. Dizze trainer ek net………