Ut- en ferslaggen 18-10

Weppers mei seleksje SDS 1
17 oktober 2014
Weppers snein 19-10
19 oktober 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!


 

      útslach
09:00 SDS D2 SDS D3  9-2
09:00 SDS E3 Blauwhuis E1  1-3
09:00 SDS E5 LSC 1890 E10  8-0
10:10 SDS F1 Scharnegoutum F1  
10:15 SDS F2 Arum F1  net spile
11:20 Minileague Minileague  
11:30 SDS MD1 Flevo Boys MD1  3-0
12:00 SDS A1 FVC A1  0-10
14:30 SDS VR2 Lions’66 VR1  12-1
14:30 SDS 1 Walde De 1  1-1
deWwns
09:00 Nijland E1 SDS E1  2-4
09:00 Scharnegoutum D1 SDS D1  4-3
09:20 Jacob St. C1 SDS C2  11-2
10:45 Makkum C1 SDS C1  2-3

SDS 1 – de Wâlde 1   1-1  (BEKER)
Bij in echte bekerwedstriid haw ik in oar gefoel, in oare ferwachting. In wedstriid dy’t wat oplevere kin en wêr’t je neat ferlieze kinne. In wedstriid mei kânsen, hachlike sitewaasjes  foar beide doelen, enervearend, meislepend.  SDS – de Wâlde waard in wedstriid fan “neat fan dat alles”. In knoffele him troch de tiid hinne en it moaie waar makke in soad goed foar it publyk. Mooglik dat de trainers en de spilers keazen foar gjin risisko mei it each op de kompetysje.
Dat de Wâlde yn minút 63 op 0-1 kaam wie dan ek suver in skrik foar it publyk. Dat hiene sij hielendal net ferwachte. De fraach wie wol wat’t bij SDS it doelpunt no meitsje moast. Bij de Wâlde waard noch ien mei reade nei de kant stjoerd. Bij SDS noch wat wiksels mar der wiene gjin kânsen, der wiene amper mooglikheden. En dochs waard it 1-1. Djip yn blessuretiid kopte Teun Heeres prachtich tsjin de tried yn, oer de keeper en ûnder de latte.
De strafskoppensearje waard wûn troch de Wâlde. Ien misser fan SDS. Wytze, Dirk Yde, Feiko en Ewout skoarden en doelman Jaap Toering miste….
(ah)

SDS A1 – FVC A1  (beker)
Soms lees je in de wedstrijdverslagen  “we waren veel beter, super inzet, maar toch verloren”.
Apart, maar oke, het kan. Niets van dit alles bij de A1 gisteren, “gewoon” dik verloren
van een veel betere tegenstander.
Tot aan de 20 min. ging het redelijk gelijk op, weinig kansen aan beide kanten, en misschien hadden wij nog wel de meeste kans op de 1-0, maar oke, die viel niet omdat onze spitsen al een aantal weken niet superscherp zijn en veel kansen nodig hebben om tot scoren te komen, al moet ik zeggen dat de verdediging van FVC er wel erg goed en strak bovenop zat.
Onze “stand inn” keeper Pieter S had tot dat moment weinig te doen gehad, iets waar snel verandering in kwam.
In de 20e min brak FVC door en scoorde de 0-1. In de 24e min  kwamen ze door een fout van ons op het middenveld op 0-2 en in de 40e min kregen ze een penalty en was het 0-3.
In de blessure tijd van de 1e helft kwamen ze op 0-4.
In de rust 3 wissels door blessures of kleine pijntjes en Lourens moest naar het 1e.
De 2e helft was gewoon niet goed, als FVC nog 6 keer kan scoren in het 1e half uur van de 2e helft en onze keeper groeit uit tot uitblinker, gaat er “iets fout” want zo groot was het krachtsverschil niet, vond ik, maar er zijn toch een behoorlijk aantal mensen die daar anders over denken, alleen wordt dat dan niet tegen mij of Tjerk gezegd, maar goed, dat zal er wel bij horen.
In de 31e min scoorde FVC dus de 0-10, en daarna geloofde iedereen het wel.
Pieter heeft zeker 10 zeer knappe reddingen gehad plus de 10 goals, is gemiddeld per 4,5 min een kans voor FVC.
Dat is dus echt “eenrichtingsverkeer” en daar moeten we binnenkort aan gaan werken want dat hoort niet te gebeuren bij de A’s.
Volgende week moeten we tegen Bolsward, thuis, en dat moet een belangrijke stap naar eerherstel worden, voor jullie zelf, voor de begeleiding en voor de “stand inn” trainers want dit was een “slechte” dag met een behoorlijke tik.
Toch houden we, ondanks alle kritiek, de moed er in en pakken we volgende week de eerste “drie punter”.
 
Boudewijn.

Skearnegoutum D1 – SDS D1:   4 – 3  (beker)
Om 8.10u giene we ut Easterein rjochting Skearnegoutum om it der foar de beker op te nimmen tsjin de pleatselike fuotbalferieniging. In bytjsje foar healwei njoggenen wiene we te plak. Mar nei in pear runtjes om it komplex die bliken dat de minsken yn Skearnegoutum de sliep noch net ut hiene. Uneinlik kaam der in man mei in hiel soad kaaien, mar der wie net ien die paste. Nei nochris goed sykjen yn syn buse, kaam der noch in kaai boppe wetter. Dizze pastte gelokkich op de doar fan de kantine. Fia de kantine, massagekeamer (slup troch, krup troch), kamen we dan dochs by de klaaikeamers. Tiidens it gebrukelike bakje kofje foar de wedstryd hearde ik fan de lieder fan Skearnegoutum dat sy in hiele goeie ploeg hiene en krekt as up boppe oan stiene yn de kompetysje. Skearnegoutum begong sterk en wy hiel slap. Nei ungefear 10 minuten spyljen stie it dan ek al 2 – 0 foar de thusploeg. Fierwei it measte gefaar kaam fan hun snelle linksbuten, mar troch in omsetting kriigen we dit better under kontrole. Troch in bytsje gelok kamen we healwei de earste helte werom tot 2 – 1 troch in goal fan de jarige Douwe Jan. Fanof dit momint begong SDS better de fuotbaljen en rekken de jongens fan Skearnegoutum frustrearre.
Der untstie in wedstryd mei bikkelhurde oertredings fan Skearnegoutum, oanfierd troch in trainer/lieder die langs de kant tekear gie as in idioat!!!  Foar rest kamen we ferstsjinne op 2 –  2 troch in goal fan Stan. De twadde helte wie der 1 ploeg die fuotbalde en dat wiene wy.  Fertsjinne kamen we op 2 – 3 troch in kopbal fan Douwe Jan.    
It wachtsjen wie no op de beslissende 2 – 4, mar die kaam net.  10 minuten foar tiid kriig Skearnegoutum noch in kadootsje (penalty).  Dizze waard goed ynsjitten en mei in 3  -3 einstan soe it dus utdraaie op penalties. Mar safier kaam it net. Tsjin de ferhalding yn makke Skearnegoutum krekt foar tiid de winnende goal. 
Grutte teloarstelling fansels by eltsenien fan us en dat wie wol te begrypen.  Mar de mannen fan SDS ha in prima pot fuotbal  spyle mei 120% ynset. We ha us net gek meitsje litten troch de tsjinstander en hun lieder.  Twa jongens wol ik noch efkes beneame;  Anco wie allinich in dei earder werom kommen fan fakansje omdat er fuotbalje woe, geweldich. De twadde is Ruerd, hy spyle geweldich en is foar my de absolute Man of the Match.     
Nye wike tsjin Mulier wer mei deselfde ynset if fjild yn,  dan pakke we de oerwinning.
 Theo.

SDS MD1 – Flevo Boys MD1  Uitslag 3 – 0   (beker)
De meiden van Flevo Boys kwamen naar Easterein voor de bekerwedstrijd. Grote meiden en we wisten niet wat we moesten verwachten.
We speelden om 11.30 uur op het hoofdveld en we gingen meteen goed spelen als team met goede passes en voorzetten.
Ook onze verdediging was sterk en de tegenstander kreeg maar weinig kansen.
Al vlot in de wedstrijd scoorde Benthe Okkema 1 – 0.
In de tweede helft meteen weer goed van start en Fenna de Boer ging als een speer over het veld en scoorde 2 – 0.
Later scoorde ikzelf met een bal in de rechter bovenhoek. 3 – 0 voorsprong!
We hebben super gevoetbald en hebben een goed team ondanks dat we nog maar net bij elkaar zijn.
Vandaag een hele leuke en sportieve bekerwedstrijd! Op naar de volgende!
We hebben er zin in!
Groetjes Femke Terpstra 
 
SDS E5 – LSC E10 (8-0)
LSC hie nog gjin punten út 3 spile wedstriiden. Mar no hiene sy allinich nog mar tsjin de bettere teams út de kompetiesje spile dus wie it moelik ien te skatten hoe’t dizze tsjinstander foutbalje koe.
9 oere wiene wy los een beheerst war’t de bal troch ús oertikke. Prachtig om te sjen. Al frij gau kamen wie tichtby hun goal en wiene dêr de earste kânsen. It die al gau blieken dat dit net in hiel sterke tsjinstander wie. Dat moatte de spilers fan E5 ek tocht hawwe, want ondanks dat wy wol meastentiids oan de bal wiene waar’t it spul fan ús mei de minuut swakker en de amersfol mei kânsen dy’t wie krigen waarden slordig neist it goal of en yn de hannen fan de matige keeper fan LSC skopt. D’r siet wat in hjerstfakansje-ritme yn like it wol: rêstichoan begjinne en net tefolle drokte. Toch wisten wy foar de rêst trije kear te skoaren. Yn de rêst ha ik prebjearre om te boel wekker te skodsjen. Dit die gelyk yn de twadde helte fertúten want no spiele E5 wer sa’t ik it fan hun went wie. Moai oertikjen en steeds de romte opsiekje. Dit resultearde al gau yn in 5-0 foarsprong. Ek de “nijelingen” yn dit team fjille steeds better oan wer’t de romtes binne en begjinne better te spieljen. Ja, it wurd in heus team wer’t gjin romte is foar geseur mar elts wol kritisch op elkoar is. En dat mei… It waard úteinlik 8-0. In frij matige earste helte en in stik bettere twadde helte en in oerwinning dy’t ús foarlopige (Boalsert hat nog ien wedstriid minder spiele) mei lyke folle punten as de koploper mar mei in minder doelsaldo op in twadde plak set.
Herman

Efkes lêze
In boek lêze kin liede ta iets goeds. Dat is algemien bekend en juster befestige. Nee, net at je Gijp lêze, dêr wurde je lollich fan, mar net better yn de passing. Nee, net at je Kieft lêze, dêr begjinne je fan te snuven, mar better koppe sitte er net yn. Ek net at je Koeman en Koeman lêze, dêr krije je allinne mar pine é holle fan.
Nee, it boek wat je lêze moatte is “Ik Pieturrr”, yn it Sweeds fertaald as Ik, Ibrahimopefyts.
Doe’t alle helden wurch wiene, de tonge op de skoech hiene, nei asem snakten en wartaal begongen út te kramen wie hij beslissend.
Yn 58 minuten wist hij 33 kear yn it grutte doel te skoaren, wylst dat der allinne mar stie om ballen te kearen dy’t neist it echte lytse doeltsje kamen. En dan de lêste twa minuten beslissend wêze.
“Ik Pieturr”, net te krijen allinne mar te sjen op freedtejûn at njoggen  of alve oare figuranten der foar soargje dat der balle wurde kin. En dat hij beslissend is. Pieturrr.
(ah)