Weppers snein 18-5

Útslagen en weppers 17 maaie
16 mei 2008
Weppers moandei 19-5
19 mei 2008

Goed opletten
De Hurdegarypsters hawwe juster wat better opletten by de penaltyserie by SDS 2 – Hurdegaryp 3 as de Eastereiners:
He SDS,
Noch fan herte lokwinske my jimme winst yn de wedstriid tsjin VVH 3. Wy woenen ferskrikkelik graach ny de 1e klasse, wer we foargeand jier us twadde der al hinne brocht hienen. In protte succes tsjin Omlandia, dat moat echt makkelik kinne want it niveau in dy 1e klasse underien leit net heech.
Noch in korreksje foar de site. De utslach fan de penel serie wie 5-4. We ha beide 7 naam , wy ha 3e mist en jimme 2.
Groetnis,
Tunnes Kuipers

Jimbar
Fannemiddei om 14.30 kinne wy Ajax – FC Twente sjen yn de Jimbar. Dêrnei kinne wy sjen hoe ’t AS Roma ten koste fan Inter Milan kampioen wurde kin yn Itaalje. De muoite wurdich dus om efkes nei Wommels te riden. 

Seursek
De fersoargster fan Hardegarijp 3 moast oan it ein fan de wedstryd tsjin SDS 2 noch efkes yn it spier. Tamme de Boer seach dat der noch in Hurdegarypster blesseard wie en makke de fersoargster hjirop attint; “Jo moatte ek efkes nei dy nûmer 11” sei Tamme. “Wat mankeard dy dan”, sei de fersoargster. “Hy hat lêst fan in seursek”.

Barbecue
It wie juster fansels waar om te barbecuen(??). Sawol SDS 1 as 3 sieten justerjûn op dy manier te iten. Wy binne benijd nei de foto’s. mail se nei
info@vv-sds.nl!

Finale
SDS 2 sit yn de finale fan de neikompetysje en kin dus noch promoveare nei de Reserve-1e Klasse. Yn de finale moatte sy tsjin vv Omlandia. De wedstryd wurdt kommende sneon om 14.30 fuotballe yn Leek. As it goed is dan sil der fanút Easterein in bus ride.

Ingelsk bier
Yn ferbân mei de FA-Cupfinal fan justermiddei waard it bier ek op in Ingelske manier skonken:


Moarn noch folle mear!