Weppers moandei 19-5

Weppers snein 18-5
18 mei 2008
De SDS EK-League!
19 mei 2008

Mei de bus?
Der binne serieuze plannen om sneon mei de bus nei Leek te reizgjen, at SDS 2 dêr balje moat tsjin Omlandia 2.
Mar der moat fansels wol belangstelling wêze. Derom wa’t mei wol yn de bus moat sa gau as mooglik in mailtsje stjoere nei Douwe Reitsma. Dit is syn adres. De kosten sille sa’n 8 euro bedrage. Sis it fierder!

Fergadering JC/TC
Moarntejûn is der fanôf 19.30 oere wer in fergadering mei de JC/TC en de leiders/trainers? Tagelyk is de mooglikheid om de materialen yn te leverjen. De leiders/trainers hawwe in mail krigen weryn sy utnoege wurde.
Groetnis,
Anco

Krekt ferlern
SDS B1 ferlear ôfrûne sneon mei 2-1 fan kampioen JV Bolsward. It liket derop dat B1 hieltiten better fuotbaljen giet(klik hjir). Moarntejûn spylje sy harren lêste wedstryd fan it seizoen om 19.00 út tsjin Wykels/Hallum.

Oefene
De froulju fan SDS hawwe foarige wike oefene tsjin Heeg. Ek sy wolle kommend seizoen de kompetysje yn en kinne dus wol wat oefenpotsjes brûke. It gie net gek. By de rust stienen sy mei 2-0 foar. Doe ’t der by Heeg twa jonge blommen it fjild ynkamen mei aardich wat fuotbalerfaring wie it dien. De SDS-froulju ferlearen úteinlik mei 6-2, mar hawwe wer in soad leard en seagen fuorútgong.


Foto’s
Wy hawwe fan Anco noch in bulte foto’s krigen fan de slotjûn foar de jeugd. Wy hoopje se moarn op it ynternet stean te hawwen.

Sportyf
Hallo beste Ajax-supporters,

Ik wil jullie even feliciteren met het behalen van een plekje in de UEFA-CUP!

Vind het echt een hele goeie prestatie!!!

groeten Harm-Auke

SDS EK-League
Jûn kinne jim hjir alles fine oer de SDS EK-League.

Mei de bus(2)
Waterpoort Boys 2 koe ôfrûne sneon kampioen wurde. In goeie reden om de lêste wedstryd moai mei syn allen de bus nei ……..Drylts. Hjir moast spile wurde tsjin IJVC. It rûn úteinlik allegear wat oars dan de Snitsers tocht hienen(klik hjir).

Programma dizze wike
It rint nei de ein, mar der binne dizze wike noch wol wat wedstriden:

Tiisdei
20-5-2008 19:00 W. Hallum B1 – SDS B1  
Woansdei
21-5-2008 19:30 Berlikum SC D1 – SDS D1  
Sneon
24-5-2008 14:30 Omlandia 2 – SDS 2 (zat)  
24-5-2008 9:00 SDS E1 – CVVO E2  



Nei it EK

It is noch net hielendal wis welke spilers Van Basten allegear meinimme sil nei it EK. Dizze spiler liket foar ús in sekerheitsje: