Weppers snein 18-1

Weppers sneon 17-1
16 januari 2009
Weppers moandei 19-1
18 januari 2009

Trene A1 en B1
Moandei 19-1 begjinne de trainingen wer foar Aen B junioren.
B junioren om 19.00 oere
A junioren om 20.15 oere

Programma SDS 1
It programma foar it earste is dizze wike als folgt.
Moandei trene om 19.
15 oere. Alle soorten skuon mar efkes meinimme.
Woansdei trene yn Snits om 20.00 oere.
19.30 oere fertrekke.
Tongersdei trene om 19.00 oere.
Sneon oefenje tsjin Makkum om 14.30 thús.
Corvee de Haitsma Brothers.
Dick

Tagelyk?
At je de boppe steande treningsprogramma’s sjogge fan SDS 1 en de junioren dan falt op dat it moandei drok wurdt op it fjild.

Futsaltoernooi tige slagge
It prestisjeuse futals toernooi fan de senioren is sneontejûn wer in grut sukses wurden. 6 teams 13 minuten gyngen de striid meielkoar oan (efter de knoppen Immie Kamstra) ûnder lieding fan Jan Simon Jelsma of André Bons.
Team 4 hie úteinlik de measte punten. Jildert Hylkema, Eeltsje Postma, Sjoerd van Beem, Johnny Leistra, Tjeerd Dijkstra en Jelte de Boer krigen allegear in doaze gebak mei.
De oare teams mochten elk ek in doaske diele. Willem en Durk hiene it wer goed regele.

Hichtepunt
Op sokke sealfuotbaljûnen erfaart elkenien op syn eigen wize in hichtepunt. Foar de iene sil dat in doelpunt wêze, foar de oare it brûzen en foar wer in oaren dat earste bierke. Jentsje Jorritsma hie syn hichtepunt tidens de wedstryd tsjin de winners: Hij spile Eeltsje Panna tusken de fuotten troch. Dat Jentsje de partij ferlear makke neat út.

Djiptepunt
Spitich genôch levere it futsaltoernoai fan juster ek ien slachtoffer op. Christiaan Hoekstra rint hjoed mei flink aai op syn ankel.

Ferlern
Yn Dokkum is Bonifatius fermoarde. It kin dêr dus raar spûkje. SDS 1 moast sneon oefenje tsjin in tredde klasser: Be Quick Dokkum. In 0-1 foarsprong einige yn it 5-1 ferliespartij.

Op de bank
De bruorren Haitsma begongen sneon op de bank yn Dokkum. Reden: se hiene te folle iis yn de skonken.

Famkes-Froulju
Wij hawwe begrepen dat de famkes juster op de trainingsdei fan SDS mei 2-0 wûn hawwe fan de froulju.

Sealtraine jeugd
It skema foar it sealtrainen fan dizze wike sjocht der
sa út.

Fan herte lokwinske!
Sawol Remco as Jeroen Brouwer is hjoed jierdei. Sy wurde tegeare 62 jier. Fan herte lokwinske! Klik hjir oms harren ek lok te winskjen!

Seleksje

Daan Boersma is nea te beroerd om ús op grappige foto’s te wizen at se oer in oare klup geane as Ajax.

Missers
By SC Heerenveen – Feyenoord waarden inkelde grutte kânsen mist. It wie allinnich noch net sa slim as yn dit filmke: