Weppers moandei 19-1

Weppers snein 18-1
18 januari 2009
Weppers tiisdei 20-1
20 januari 2009

LET OP!!
SDS2 traint tiisdei om 19.30 i.p.f. 20.00
Klaas

Ôflast
Troch omstannichheden (noch net iens it waar) is de training fan de A- en B-junioaren foar moandei 19-1-2009 ô
flast.
De earste training fan 2009 wurd dus woansdei 21 jannewaris 2009!
Fuotbal EN rinskuon meinimme!
A-junioaren: as jimme dit lezen ha, mail dan efkes in befestiging nei
klaaspompstra@hetnet.nl!
B-junioaren: as jimme dit lezen ha, mail dan efkes in befestiging nei janrinse@gmail.com !
Groetnis,
Klaas Pompstra

Kick Off
In spesjale kommisje hat dwaande west om foar kommende sneon 25 jannewaris foar de E, D en C teams in prachtich programma te meitsjen. As begjin fan de nije trainingsperiode. Jim kinne it allegear
hjir lêze. It is ek foar âlders de muoite wurdich om efkes te sjen.

Noch lêst fan de foet?
Sa’t wij earder melden hat Stoffel fjoerwurk tsjin syn foet hân en wij tinke dat dit fan grutte ynfloed west hat op it Frysk kampioenskip damjen. Want wat lêze wij op Omrop Fryslan.nl?
Dit!

Foutsje
De wepmaster fan ONT, Sjouke Walinga, makke ús der op attint dat SDS 1 sneon net ferlern hat fan 3e-Klasser Be Quick Dokkum(sa ’t hjir juster stie), mar dat it gie om in 2e-Klasser(sjoch
hjir). Dan falt dy 5-1 noch mei………….

Yn Madrid
Ôfrûne snein spile Real Madrid thús tsjin de nûmer lêst Osasuna. Op de tribune sieten dêr Dirk-Yde en Wilma Sjaarda út Easterein. Ôfrûne freed sieten sy noch te kâldklomjen yn it Abe-Lenstrastadion en juster genoten sy fan mei nammen de skiedsrjochter. Wy nimme oan dat ek harren konklúsje is nei dizze wedstryd dat it miskien better is dat Luis Suarez net nei Spanje giet(sjoch hjir).

Wer traine
SDS 3 traint woansdeitejûn yn de seal. De training is fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes €1,- meinimme.

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie rint noch sa ’n 2 wiken. Dochs hawwe wy mar fêst it formulier foar de SDS League klearmakke (spesjaal foar Jelmer…..). Wy wolle namelijk graach op 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik hjir om alles oer de nije SDS League te lêzen. Je meie je team wol fêst ynleverje en efentueel noch foar 7 febrewaris oanpasse.

Nije trainer fan Feyenoord
Mario Been wurdt net de nije trainer fan Feyenoord(sjoch hjir). It kin dus hast net oars dan dat Willem van Hanegem it stokje fan Gert-Jan Verbeek oernimt. Ien fan de wepmasters soe hjir net sa wiis mei wêze(klik
hjir).

Lache!
Op dizze
meast deprimerende dei fan it jier kinne je wol wat hilaryske mominten brûke: