Weppers snein 17-4

Ut- en ferslaggen 16-4
16 april 2016
Vacature trainer A-junioren
18 april 2016

Draadstaal
Draadstaal is in hiel aardich humoristysk programma fan de NPO mei tige orisjinele ynfalshoeken wêr’t prachtige filmkes oer makke wurde. Orisjiniel?? Dat is noch mar de fraach.
Sjoch de ûnthutsende bylden…..

Utslagen en standen
Fan alle teams op it fjild
de stand yn de kompetysje.

Ferlern
Ien kear ferlern dizze kompetysje en dan gelyk werom nei it twadde plakje. Bysûndere sitewaasje yn de tredde klasse 5b. PLoech fan Lykle Bleekveld like kampioen te wurden mar hat twa stevige konkurrinten. Sjoch
hjir.

Ho……
Jentsje Jorritsma skoorde juster by SDS 2 in knappe goal. Hy hie der sels net echt op rekkene. It kommintaar tidens syn foarset…….. eeeuuhhhuhuhhh doelpunt; “Sorry,…..!”

Nij rekord!
Wietse Fopma mocht juster mei SDS 2 om 14.30 oere fuotbalje tsjin Leovardia 2. Hy moast freedtejûn oan ’t let wurkje, mar dat moast gjin problemen oplevereje. Hy wie úteinlik freedtenacht 4 oere thús. Om 13.45 oere sneontemiddei wie hy allinnich noch net yn Easterein. Jeroen Brouwer beslúte om him mar efkes te beljen; “Oh shit, ik lis noch op bêd………”. Úteinlik wie hy efkes nei 14.00 op it fuotbalfjild en om 14.34 skoorde hy ek al.

Harsens derby (1706)
Lokkich genôch naam Milik syn penalty fannemiddei iets better as dizze hapsnurker 😉