Weppers snein 17-2

Útslagen en ôflastingen 16-2
15 februari 2008
Weppers moandei 18-2
17 februari 2008

Man fan de wedstryd
Man fan de wedstryd by SDS 4 wie juster ynfalkeeper Jaap Boekholt. Hy stie as in jonge liuw te keepen. Sels de spilers fan tsjinstanner Oeverzwaluwen hienen respekt foar syn kwaliteiten. Fanôf no giet hy dan ek troch it libben as Jaap Gomes, want Huerleho da Silva Boekholt klinkt net.

Werom
Gerlof Jan Hofstra (SDS 4) is werom út Turkije. Nei in staazje fan in moanne as 4 yn Istanbul, siet hij juster wer gewoan oan de snert. Hij hat yn Turkije allinne mar op lytse keunstgersfjilden fuotballe. Neffens himsels hat er op dit stuit in lichte blessure.

Yn de prizen
Omdat it fjild yn Easterein net goed wie, mar yn Nijlân wol, is der op sa’n sneon gelokkich in alternatyf. In oantal SDS-ers sjogge je dêr dan fêst. Foaral de Hofstra’s dy meie dêr sa’t liket graach wêze, want der wiene no trije dy’t los fan elkoar der hinne reizge wiene. Grutte kâns dat se der nije wike wer hinne geane want twa fan de trije wûnen in priis mei de ferlotting. Gerlof Jan kaam mei in blomke thús, Aant mei 20 aaien en Lolke mei lege hannen.

Aaipop
At je dochs yn Nijlân binne dan hawwe je it fansels ek oer Aaipop. Oer goed 5 wike is it al sa fier. It foarlopige programma kinne jim
hjir sjen.

Te let?
Trije spilers fan SDS 2 stienen juster foar neat by it fuotbalfjild. Earst wie it Ralph Wariman dy ’t kreas op ‘e tiid by de boks stie. 5 minuten te let wie it Sjoerd Rispens dy ’t him op ‘e nij fersliept hie, mar sa dochs wer efkes oan syn kondysje wurke hie. Útsjitter wie Andrew Feyten dy ’t pas om 11.30 oanskiten kaam ynstee fan 10.45. Ien ding falt de letkommers net te ferwiten; sy hawwe yn elts gefal net te lang efter ynternet sitten……….. 

Wa hat it dien?
De ôfrûne wike stie der op de KNVB-webside dat SDS 5 mei 18-0 fan WPB wûn hie. Hoe ’t dit sa koe wie oan ’t juster net bekend. De dieder hat juster mei in pear gleskes bier op dan dochs bekend. Hy pakte foarige wike de tillefoan op yn de kantine en hie de KNVB derfoar. Hy hie it goed foar mei de âldsjes fan SDS. Om ’t dizze dieder it juster bekende mei in pear gleskes bier op ferwachtsje wy fierder gjin sanksjes…..

Nije wike
Kommende sneon mei SDS 1 nei Broekster Boys ta. Âld-SDS-trainer Klaas Dijkstra is no trainer by de Broekster Boys en hat der al nocht yn:
Zaterdag 23 februari zijn alle SDS’ers welkom bij de wedstrijd Broekster Boys – SDS. We willen er samen met jullie een gezellige middag van maken en we hopen op een prachtige wedstrijd. Na afloop, ongeacht de uitslag, is er live muziek met medewerking van Geert ten Boom in de kantine.
Bedankt alvast en tot zaterdag!
Mede namens het bestuur van Broekster Boys,
Klaas Dijkstra


Dreech
Ek wy fûnen de kwis ôfrûne wike wol hiel dreech. Klik hjir foar de antwurden.

Brutaal
Skelte Anema wie hjoed by Wykels/Hallum tsjin BCV. Hy kaam mei de folgende anekdote:
Fannemiddei wie ik efkes te sjen by Wykels Hallum tsjin BCV. Mei noch in oantal teamgenoaten stienen wy langs de kant. Op in gegeven momint waarden wy oansprutsen troch in oantal âldere mantsjes. Wy soenen foar harren sicht stean en fregen ús of we wol dûbel betelle hienen. Ien fan ús reagearde dêr op en sei: ‘It liket wol oft dy âlderein mei de dei brutaler wurd’. Dat die my tinken oan dizze sketch fan Jiskefet: