Weppers snein 16-10

Utslaggen sneon 15-10
13 oktober 2011
Weppers moandei 17-10
16 oktober 2011

Populaire Tsjipke

Under de pupillen fan de wike is Tsjipke Klaas Okkema de grutte favoryt, sa docht al hiel lang bliken. Juster wie der fansels alle reden foar Douwe Jan Vellinga en Tom Wijnia om mei de oanfierder fan SDS op te foto te wollen. Hij hie ommers twa kear skoard.

SDS 1
Ien fan de wepmasters is de útdaging mei de wepmaster fan ONT oangien en hat wer ris in ferslach skreaun fan SDS1. Letter hjoed te lêzen op
Voetbalnoord en no al te lêzen op dizze side. Ek it ferslach fan Sjouke Walinga fan ONT is al te lêzen.

Utslaggen
Wij hawwe noch net
alle útslaggen binnen fan juster. Miskien kin de iene of de oare noch wat oanfulle.

Minne
Op ús fraach fan freed hokker klup de punten meinimt yn de tas krigen wij in reaksje fan Minne Bonnema, ien fan ús âldere en troue supporters. Hij hie net folle wurden nedich. Nee, net in wurd. Hij mailde allinne mar


Gelokkich hie Bonnema it bij it ferkearde ein.

Sponser
Sponsering yn it fuotbal is net mear wei te tinken. Teams yn sjurtsjes en trainingspakken mei sponsernammen der op sjogge je sneons en sneins oerdei oeral. Moai is fansels dat dy jaskes mei sponsernammen ek op oare plakken te sjen binne. Erik Haitsma joech it goeie foarbyld. Tidens Troanies Rockjûn yn it Dielshûs, wêr’t de temperatuur hege wearden helle, bleau hij yn syn trainingsjaske fan SDS 1 rinnen.

SDS 2 sil oefenje
Dinsdag gaat het tweede oefenen tegen nijland om 20.00. vertrek 18.45. vervoer meenemen.
 
Bij  afgelasting trainen om 19.00. 
De volgende spelers worden verwacht.
 
Harm jan
Geert
Bauke
Feite
Jan simon
Sytse
Gerrit
Arjen
Anne
Ayanle
Willem
 
De spelers 12-14 worden persoonlijk benaderd door mij na overleg met jaap de blaauw. ( a-sel of a jun)
 
afwezig:  syb, jort en robert

SDS 1
De wedstriid fan SDS 1 tsjin Harkemase Boys 1 is tongersdeitejûn om 19.30 op de Bosk yn de Harkema. It giet om in bekerwedstriid.