Weppers snein 15-7

Yndieling F-pupillen
14 juli 2012
Weppers moandei 16-7
15 juli 2012

SDS 65 jier
De earste lju hawwe harren al oanmelden om op freed 10 augustus mei te dwaan oan it fuotbaltoernoai(al 22 man/frou) en oan de barbecue(al 25 man/frou). Sawol it fuotbaltoernoai as de barbecue is net allinnich foar leden, mar ek foar âld-leden, supporters, froulju en manlju fan spilers/spylsters ensfh. Wy wolle der in échte SDS-dei fan meitsje, dus alle minsken dy ’t SDS in waarm hert tadrage binne wolkom.
Jou je
hjir gau op!

Ambysje
Wij hiene it altyd al tocht. At der ien (eardere) fuotballer fan SDS nei de Olympyske Spelen yn Londen giet, dan sil dit
him wêze.

Jierdei
14 july hie Jurjen Los syn jierdei. Hij is 14 jier wurden. Fan herte lokwinske.

Jierdeis
Hjoed snein 15 july binne der ek 3 jierdei. Nynke de Boer mei no sizze dat se 31 is, Sjoerd de Vries mei brommerride en Rutger Sijbesma is 8 wurden. Allegear fan herte lokwinske.

Fan herte lokwinske!
Gerrie Snel is hjoed ek jierdei! Fan harte gefelicitaard!

Harsens derby(810)
Neffens Sepp Blatter siet dizze bal net: