Weppers snein 15-6

Weppers sneon 14-6
14 juni 2008
Stân SDS EK-League 15-6
15 juni 2008

WK yn Wommels
Wa’t nocht hat kin moarn(= moandei) wer efkes fuotbalje yn Wommels. Om 20.00 giet der in groepke los op de Terp.

EK yn Easterein

It wie wer allegear oranje bij Bergsma yn Easterein. Se sieten der earst noch rêstich bij allegear…..


….mar dat waard wol oars doe’t der skoard waard tsjin Frankryk.
De foto’s binne fan Henk Bootsma en op syn side binne folle mear foto te sjen.

EK Down Under
Ek Down Under leve sy hielendal mei it Nederlâns alvetal mei:
Ha Willem,
Hoe is it dermei? Totale gekte utbrutsen yn NL? It moat hast wol, nei wer sa’n wedstriid as juster. Net te liuwen, mar we binne der noch lang net. Mar doe’t ik fannemoarn op it wurk ferskiende, al toeterjend en mei in oranje-shirt oan, snappe se hjirre hielendal net werom at wy/ik sa gek binne. Mar goed, sa at ik al sei, we ha noch in pear wedstriden te gean foardat it echt grut feest is.
Groetnis fanut in oranje Three Springs,
Dirk-Yde

Dirk-Yde mei 3 maten midden yn de nacht foar it fuotbaljen


Ek Down Under koe 4 kear juicht wurde.

SDS EK-League
Om de spanning der wat yn te hâlden komme wy jûn pas wer mei in nije stân fan de SDS EK-League. It sil in oer as 11 wurde.

Sjaarda
Dirk Yde Sjaarda smyt der dizze kear wat siswizen tsjin oan. Yn it Ingelsk en yn it Frysk. Wat Henk Bootsma in ramp fine soe erfaart Dirk Yde as in earnstige teloarstelling. Lês
hjir.
Spesjaal foar him
dit nûmer

Ipod
Se komme de bus út mei in ipod op. Dat heart bij dizze tiid. Der is neat mis mei fine wij. At de muzyk mar goed is. Dit is
de muzyk fan Ruud fan Nistelrooy. Wij soene der gau in pear nûmers ôfhelje, om net mei pine yn de holle de wedstryd te begjinnen.

Klear foar
Ek Wodan is al hielendal klear foar de folgende wedstryd fan it Nederlâns alvetal:



Net folle ferstân
Dy takomstige kening fan ús hat net folle ferstân fan fuotbal: