Weppers sneon 14-6

Stân SDS EK-League 13-6
14 juni 2008
Weppers snein 15-6
14 juni 2008

Slachte

Rienk Wiersma, âld foarsitter fan SDS draafde sneon de Slachtemaraton. Hjir yn byld bij Wommels.


Ald SDS 1 spiler Henk Ruiter, no fan Snits, siet bij de earste 50. Mar hij hat dan ek in tiid stean fan 3.05.


Johan Heerma hie noch genôch enersjy oer foar wat oar soarte bewegingen.


Rinse Joustra fan SDS 4 stuts de tomme efkes omleech. Hij wie net tefreden mei syn posysje efteryn.

Kursus Drints
De gemeente Westerveld yn Drinte biedt sûnt koart in avensearkursus Drints oan. Dat soe noch wol ris wat wêze foar de lieding of spilers fan SDS 1. Want sij moatte takem jier wer in oantal kearen nei Drinte:
De nije kompetysjeyndieling jout it folgende byld:
de Weide, Hollandscheveld, Meppel, LTC, VHK, Olympia 28, Olde Veste fan bûten Fryslân.
Heervenveense Boys,  Waterpoort Boys, Oeverzwaluwen, en Nijland binne de Fryske tsjinstanners.

Geheim
Tongersdeitejûn hie de A-seleksje in “geheime” moeting yn de Jimbar(hy wie foar oare besikers slúten). Der waard it ien en oar besprutsen foar kommend seizoen. De nije trainer Dicky Schuurman mailde ús juster it oefenprogramma en in spesjaal trainingskema foar de simmer. Moarn stiet it hjir op de webside.

Malmö

Aant wie de ôfrûne 14 dagen yn Sweden. Fansels seach hij ek efkes bij it trainingskomplek fan Malmo om te sjen at er ek noch in Alves bij rûn. It fuotbal en de trainingen binne yn Sweden ynfolle gong no.

Rosengard en Zlatan


Op harren fytstocht troch de stêd Malmo kamen Aant en Jellie ek troch de wyk Rosengard. Dit is de meast beruchte getto fan Sweden. Geweld en in útsichtbere takomst foar de tieners fan de migranten tekenje dêr it byld.  Se hawwe mar ien dream: krekt sa goed wurde as de held fan harren wyk: Zlatan Ibrahimovic. Nei de oerwinning op Griekenlân wie it dêr krekt as oars lang ûnrêstich.

SDS EK-League
It waard fannacht iets letter, dus de SDS EK-League kaam ek wat letter. De nijste stân kinne jim hjir fine.