Weppers snein 15-2

Útslagen sneon 14-2
14 februari 2015
Weppers moandei 16-2
15 februari 2015

Tuskenstân
Op dit stuit rint de Poiesz jeugd aksje. Yn Skearnegoutum wurde de munten fan SDS fersammele en
dit is de tuskenstân dêr. Sa te sjen kin der noch wol wat bij.

Wiebe of Teun
Wij hawwe wol ris wat muoite om de twa Heeres bruorren út elkoar te hâlden wylst mem Jacomien meast seit dat se net echt op elkoar lykje.
Sneon seagen wij nei it skoft efkes bij SDS A1. Beide jonges diene mei. “Hoe is it gien yn de earste helte” fregen wij Jacomien.

“2-0 foar en it is no 2-1 en ien fan de doelpunten wie ek sa’n lange bal fan Teun op Almar en dy skeat rekke.
“Nee, seit dochter Tjitske, dy’t der ek bij stiet”, “it wie Wiebe”.

Teun of Wiebe
By SDS 1 siet middeis Wiebe Heeres op de bank. Dat wie wol dúdlik. Oan ’t hy deryn kaam en de omropper oan ’t wurd kaam; “By SDS wordt gewisseld. Met nummer 14 komt Teun Heeres in het veld…………”

F3 en Mini league
Oer in wike as wat giet it wer los mei de jeugd. De jeugdkommisje hat ús de yndieling fan F3 en de minileague en dy is
hjir en hjir te sjen.

Christiaan yn Vietnam
Christiaan Plantinga is 9 febrewaris fertrokken nei syn faam yn Vietnam en lit ús witte dat hy goed oankaam is. Moarn in útgebreid ferslach fan syn earste befiningen hjir op de webside. En de earste foto fansels!


Beker
SDS MD1 sit noch yn de beker en moat op sneon 28 febrewaris wer bekerje. Sy spylje dan thús tsjin Espel MD 1 om 11.30 oere.

SDS League
De measte teams foar de SDS League hawwe wy no wol binnen en wy binne al wer drok oan de slach om alle teams yn de kompjoeter te krijen. Tongersdei kinne jim hjir op de webside de earste stân wer fine. Oh, ja. De wedstryd AZ-PSV fan ôfrûne freed telt net mei!

Alderaardichst
fashion2

Harsens derby (1433)
Dat sille je krekt sjen……… Krije je in penalty tsjin en dan ek noch in mich yn it each……..