Weppers moandei 16-2

Weppers snein 15-2
14 februari 2015
SDS-wepsjop!
16 februari 2015

Derby
Kommende sneon spilet SDS 1 de derby út tsjin Nijland 1. De Nijlanners geane de wedstryd net sûnder soargen yn, want nei 12 kear efterelkoar wûn te hawwen ferlearen sy sneon mei 1-0 fan Bant 1. Dat betsjut dus dat SDS in puntsje tichterby kaam is! Sjoch
hjir foar it ferslach fan Bant 1 – Nijland 1.

Fytscombi
No ’t it waar foar kommende wike net sa gek liket is it wol in idee om sneon op de fyts nei Nijlân te gean foar de derby tsjin Nijland 1. Dan sitte wy ek net mei dy ferplichte buscombi………….(klik
hjir).

Mûzen
De wedstriid SJO Dronrijp/Foarút A1 tsjin SDS A1 wurdt sneon net om 10.30 oere spile mar om 14.30 oere. De reden: it haadfjild fan Dronrijp is net bespylber fanwege mûzeskea. Der wurdt no spile op keunstgers.

Dûbel pech
By sawol SDS 1 as 2 foel sneon in spiler út. By SDS 1 strompele Dirk-Yde Sjaarda nei in flinke botsing mei pine holle en in dikke knibbel fan it fjild. Dit krekt yn syn earste wedstryd nei in pear moanne yn Nij Seelân en Australië omspaand te hawwen.
By SDS 2 die Syb Overal foar it earst yn jierren wer mei. Nei syn safolste knibbelblessure wie Syb foar in pear jier werom stoppe, mar no ’t it sa goed gie mei de knibbel begie hy dochs mar wer stadich oan. Ôfrûne sneon foel hy út yn de oefenwedstryd tsjin SC Berlikum 2. Hy gie troch de oare knibbel………..

Tuskenstân
Op dit stuit rint de Poiesz jeugd aksje. Yn Skearnegoutum wurde de munten fan SDS fersammele en dit is de tuskenstân dêr. Sa te sjen kin der noch wol wat bij.
Permalink voor ingesloten afbeelding
Dizze wike allegear oan de Dreft!


Hert

It hert wûn juster fan de pompeblêden en dat kin alderaardichste plaatsjes opleverje.

Neutraal
By FOX-Sports slaggen se der juster yn om de ienige yn it Cambuurstadion mei in neutrale mûtse yn byld te krijen. It wie fansels Jaap Toering syn heit, Arjen.


Christiaan yn Vietnam (1)
Sommigen zullen het vast al gehoord hebben, afgelopen maandag 9 februari ben ik vertrokken naar vietnam om daar een maand door te brengen met mijn vriendin in het vroegere Saigon, Ho Chi Minh City, vernoemd naar een van de vroegere leiders van communistisch vietnam. Al bij aankomst wist ik dat dit een ervaring zou worden om nooit te vergeten, de drukte, het familie zijn, het was meteen duidelijk. Toen ik naar buiten liep stond ik even stil, had ik wel de goeie uitgang? Dranghekken die duizenden mensen tegenhielden die iemand kwamen ophalen, zelfs in Nederland staan er niet zoveel als er een beroemd iemand langs komt, het was dan ook niet makkelijk mijn vriendin te vinden. Nadat we elkaar eindelijk gevonden hadden kwam het volgende obstakel, een taxi regelen. Ondanks een gigantisch aantal aan taxi’s, duurde het maar liefst een half uur voordat we eindelijk konden instappen, om eindelijk op weg te gaan naar mijn hotel. Voor 12 dollar per dag, rond 9 euro, en dat in de duurste periode, zou je in Nederland niet veel verwachten. Ik was dan ook verrast om in mijn kamer een 2 persoons bed, een 1 persoons bed, tv, badkamer, koelkast en airco aan te treffen. Volgende keer zal ik iets over het verkeer en toerisme vertellen.
Cristiaan

Harsens derby (1434)
Toet, toet!