Útslagen sneon 14-2

SDS League ynfulle!
13 februari 2015
Weppers snein 15-2
14 februari 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

De kantine is hjoed iepen fanôf 11.30 oere!

Tiid Wedstryd Útslach
09:00 SDS D1 – SDS C1 (oefen)  0-7
09:20 SDS E4 – MKV’29 E4 (zaal)  
11:45 SDS D3 – Nicator D4 (zaal)  
12:00 SDS A1 – Annaparochie St. A1  3-2
13:15 SDS D1 – FVC D2 (zaal)  
14:20 SDS E3 – Leovardia E6 (zaal)  2-1
10:20 Nicator E4M – SDS E4 (zaal)  
12:00 Oosterlittens D2 – SDS D1 (zaal)  
12:00 SC Berlikum 2 – SDS 2 (oefen)  2-1
12:35 Frisia D7 – SDS D3 (zaal)  
13:20 Akkrum E3 – SDS E3 (zaal)  1-2
14:30 Joure SC 1 – SDS 1  3-3
     

SC Joure 1 – SDS 1 3-3
Eindelijk mocht SDS 1 wer ris los nei in lang winterskoft. SDS krige it earste kertier de kansen, mar skoorde it net. Hjirnei waard it in slach op it middenfjild wat geregeld giele kaarten oplevere, mar gjin kansen. SC Joure wist úteinlik foar de rust noch al te skoren. Dúdlik yn bûtenspulposysje koe in rebound binnen sjitten wurde. Hjirnei noch in tsjinfaller doe ’t Dirk-Yde mei in blessure fan it fjild moast.
De twadde helte begie lyk as de earste helte eindige mei it sparjen fan giele kaarten. Dit gie de Jousters dúdlik better ôf as SDS wêr ’t allinnich Erik Haitsma opskreaun waard. De 1-1 hong yn de loft, hielendal nei in dûbele giele kaart by SC Joure, mar nei knullich balferlies waard it 2-0. Mei in man minder krige SDS kansen, mar skoren like der hjoed net yn te sitten. Doe ’t Jelmer dochs de 2-1 makke en de Jousters ynmiddels mei 9 man fierder moasten like der mear yn it fet te sitten, mar út in kounter knalde de linksbûten fan SC Joure de 3-1 binnen en like de wedstryd dien. Dat Erik en Elger der rûn in oer as 16.30 dochs noch 3-3 fan makken hie net ien mear tocht………….
Nije wike stiet de derby út tsjin VV Nijland op de kalinder! 

SDS A1 – St Annaparochie A1  3-2
De A’s konden eindelijk los na de winterstop. Na 2 x te zijn afgelast stond nu de wedstrijd thuis tegen St Anna op het programma.
Door een blessure, 2 afmeldingen, stageverplichtingen en niet genoeg training moesten er 3 B’s opgeroepen worden, die zouden oefenen, maar de competitie gaat voor.
Klasse mannen, en alle 3 zeer goed gespeeld en zeer goed staande gehouden.
Dat er wat gebeuren moet deze 2e helft van de competitie is duidelijk, 8 puntjes voor de winterstop is te weinig.
Iedereen is zich daar van bewust, en dat was goed te merken, want na 1 minuut stonden we al 1-0 voor, Almar kreeg de bal na een scrimmage en op snelheid kon hij overal langs komen en scoorde de 1-0.
Na 10 minuten zeer goed werk van de sterk spelende Lourens op rechtsbuiten, hij zag de opkomende Almar en bediende hem koeltjes, waarna Almar ons beheerst op een comfortabele 2-0 zette.
Dat geeft de burger moed, zoveel moed zelfs dat onze laatste man Jurjen achterin a la Messi de tegenstander uitspeelt, hij schrok er zelf van, maar er straalt wel vertrouwen uit op dat moment.
In de 20 min komt St Anna terug in de wedstrijd, met een fraaie aanval en een mooie goal komen ze op 2-1.
Daarna kansen over en weer, misschien was St Anna soms wel de betere ploeg, maar hun spitsen waren niet scherp, en anders stond Stephan er nog, die zeer sterk stond te keepen.
Het duurde tot de 2e helft, 25e min, maar toen schoot St Anna de, op dat moment terechte, 2-2 achter Stephan.
Voor de winter hadden de koppies dan naar beneden gegaan, maar nu niet, je zag de verbetenheid en de ruggen werden gerecht en er ging nog een schepje bovenop en binnen 5 minuten na de 2-2 produceerde we een fantastische aanval die door Almar keurig werd afgerond, een “false” hattrick, klasse. Daarna ging St Anna natuurlijk op zoek naar de gelijkmaker, maar dat zat er niet meer in, achterin stonden we fantastisch te verdedigen, alle 4 een zeer dikke voldoende, en Stephan was na de 3-2 gewoon onpasseerbaar.
Mannen, dit was een fantastische teamprestatie, iedereen zeer goed en in dienst van elkaar gespeeld, niemand verzaakte en iedereen heeft een dikke voldoende gescoord, grote klasse.
Toch moet ik even de 3 B’s extra bedanken, Haptamu, Frank en Jorrit, jullie paste je moeiteloos aan,  en dat is een groot compliment waard, bedankt.
De eerste 3-punter is binnen, en dat smaakt naar meer…..
Boudewijn/Tjerk.


SC Berlikum 2 – SDS 2 2-1 (oefen)
De earste oefenwedstryd fan SDS 2 nei de winterstop gie hielendal net sa gek. Miskien hat SDS 2 úteinlik sels wol wat mear kansen hân as Berlikum, mar Berlikum wûn mei 2-1. Sy binne úteinlik it keunstgers ek better wend.

sc Franeker 6 – SDS 5      3-2
SDS 5 hat in nuttige oefenwedstriid spile yn de akadeemjestêd. Wol ferlern mar toch. Doelpunten fan Ruun en Arjan

Efkes Balje
Op it Efkes Baljen fjild freedtejûn in striid tusken de pompeblêden en de gielblauen. De Efkes Ballers mochten sels  kieze hokker kleuren sij ferdigenje woene.
De earste skifting brocht in 8 tsjin 6 mar gelokkich wie Tsjerk Goulooze ree om, krekt as earder, de oerstap te meitsjen nei Cambuur.
Trainer Henkie Calimero de Jong stie oan de kant en syn kommentaar op de ferlerne wedstriid:
“Ik kin de jonges neat ferwite, wij wiene dwingjend, ferdigenen foarút, setten druk, kreearden kâns op kâns mar holden efter iepen hús.
TKF hie mei Pieter Camataru in hiele djippe spits en dy moasten wij dêr stean litte want wij geane net op de eigen doelline ferdigenjen. Harren fleugels mei Folkert Nilson en Jan BoukeNijgh holden it lekker breed (der is gjin line mear te sjen) en mei good old Chiel Kornjev, Remco de Nooijer en Wouter Hansson waard ús spul good ûntregele. En dan wie der fansels kameleon Johan Vonk/ Larsen dy de iene kear mei net te folgen bewegingen spilers frijsette en de oare kear  op de doelline lei om alles út it doel te heljen.
Mar ik kin sa’t ik al sei myn eigen ploech neat ferwite, net tsjinsteande de snelheid fan Pieter Lukoki, it ûnfersetlike en de skitterjende hakbol fan Harrie Stam, de kriich fan Ferry de Leeuw, de routine fan Aant Spindelaar, de technyk fan Theo van der Heide, de alsidichheid en it earste doelpunt yn de finale fan Tjerk Goulooze en it skreppen fan Bertus de Gier.
Ik bin grutsk op myn ploech, mar wij moatte noch minder respekt toane foar ploegen dy’t boppe ús stean”.
Op de fraach oan Henk de Jong at hij noch wit wa’t de winnende makke, lit hij ús witte dat ” ik bin teloarsteld, ik wit it net, mar dy Pieter Camataru sil net fier út de buert west ha.”