Weppers snein 14-9

Útslagen sneon 13-9
12 september 2008
Weppers moandei 15-9
14 september 2008

Bus nei VHK
Ek nije wike giet it earste mei de bus nei VHK.
Wa mei wol kin him oanmelde by
Enne Bruinsma
til: 0515-332013 of eameladress ennebruinsma@wanadoo.nl.

Snickers
E4 wie sneon hast kompleet. Allinne Robin Wijnia koe net meidwaan omdat syn wond op de foarholle earst better ticht wêze moast. Mar Robin wie der wol… Nei de earste helte kaam hij gelyk oan mei in pûde Snickers en foardat de jonges yn de boks wiene, hiene se allegear al in Snicker op. Se hiene it ek wol fertsjinne, want it stie doe al 8-0. It waard 16-0.

Hoe is it gien
“Hoe ha jim spile”, freget immen oan in F-ke.
“0-0, want it gie net troch”

F3 op foto

F3 wûn sneon mei hege sifers fan Mulier (17). In aksje foto en in groepsfoto

De Treffer
“De Treffer bestie dizze kear út twa boekjes. De iene is it bewarnummer en de oare is de Aant Treffer. It is tefolle ear om sa’n moaie Treffer foar mij te meitsjen.  Der stiet net bewarnummer op mar it is wol it nummer dat ik altyd bewarje. Tankje wol foar elkenien dy’t hjir oan meiwuke hat. It is in plaatsje wurden. Wat mij oerkommen is kinne jim lêze op
dizze side.
Aant

Superkeeper
Juster stie by SDS 3 Bote Strikwerda wer op ‘e goal en hy keepte wer magnifyk. De earste fergelikings mei Piet Schrijvers binne al makke. Sa hie Ajax yn it ferline dizze “Beer van de Meer” en PEC Zwolle “de Bolle van Zwolle”, no hat SDS 3 syn eigen “grutste size fan de Skoalleseiz”……

Primeur
Foar de Cambuur supporters ha wij nijs: Jurry Koolhof is ûntslein. De 6de trainer yn 10 jier dy’t syn tsjinferbân net úttsjinnet bij Cambuur. En dit seizoen yn it betelle fuotbal de earste.

Foto’s

Henk Bootsma hat juster wer moaie plaatsjes sjitte kinnen. Dit is der ien fan en de rest stiet hjir.


Helemaal niks?
Jelmer Posthumus is sûnt foarige wike werom út Ingelân. Hy seach der suver ôftraind út. Wy witte no hoe dat komt. Hy siet dêr namelijk yn de buert fan Brighton. Hy hie dêr in best plak, mar it ontbijt wie net altiten alles…………