Weppers snein 13-9

Utslaggen sneon 12-9
11 september 2009
Weppers moandei 14-9
13 september 2009

Wedstrydferslaggen
Der komme hieltyd mear koarte ferslachjes binnen fan de wedstriden fan juster. Jim kinne se
hjir allegear sjen.

F3 op foto

De toppers fan SDS F3 binne juster op de foto kaam. Lieder Robert meelde ús de foto.

Duo Penotti
Floris Hiemstra sil de rest fan it seizoen by SDS A1 leiderje. Hy sil tegeare mei Lody Roembiak probearje de A’s oan it fuotbaljen te krijen. Floris hie sels al in moaie namme betocht foar it nije duo: “Duo Penotti”.

SDS League
Juster krigen wy bulten SDS Leagues binnen, dy ’t allegear ynfierd wurde moatte yn de kompjoeter. Wy hoopje dat wy dit tongersdei allegear klear hawwe en dan ek mei de stân te kommen.

Nordstrand
Justermiddei waard der om Tsjipke Okkema lake doe ’t hy de nije spits fan FC Groningen yn syn SDS League sette. Justerjûn wie hy degene dy ’t lake…….

Noch mear toppers
Henk Bootsma wie juster ien fan de sponsers fan de wedstryd fan SDS 1. Nei alle sponserferplichtingen hie hij ek efkes tiid om in oantal toppers fan SDS 6 op de foto te setten. SDS 6 hat dit jier as slogan: “SDS 6 jout elkenien fuotballes” en dat makken se juster wier tsjin Blauw Wit 9
 
Johnny (Rep) Leijstra ferbiten yn de striid mei in Blauw Witter


Steffen Bruinsma ferrovet hjir de bal. Op de eftergrûn Thomas van der Meer

 
Ids de Boer wachtet syn kâns ôf om de bal oer te nimmen. SDS keeper Jan Mulder sjocht it tefreden oan.

Ferdraaid noch oan ta

Tryntsje Bouma fan Da2 ferdraaide juster har knibbel en gie foar de wissichheid efkes bij it sikenhûs lâns. Op de foto makke troch Sjoukje Bruinsma wachtet se op help om yn de klearsteande auto te stappen.

De Vries of Ter Heide?
Harm-Auke Dijkstra wol graach dat Mark de Vries fêst by Cambuur yn de spits stiet en net Ruud ter Heide. Hy is benijd wat jim derfan fine(klik hjir).

Knap rekke
Ek fuotbafroulju witte him somtiden knap te reitsjen:

Letter  mear û.o noch foto’s fan SDS 1 en in ferslach fan SDS 5.