Weppers snein 11-9

Ut en ferslaggen sneon 10-9
8 september 2011
Weppers moandei 12-9
11 september 2011

Pupillen fan de wike

Reitse Spoelstra mei doelman Jaap Toering


Tjerk Kingma mei Tsjipke Klaas Okkema

Utslaggen en ferslaggen
Wij hawwe noch net alle útslaggen fan sneon binnen. Wol is it moai dat wij fan meardere wedstriden in koart ferslachje krigen hawwe. Sjoch
hjir .

Foto’s (1)
Wij hoopje dat de lieders de kommende wiken wer alvetalfoto’s meitsje litte fan alle alvetallen. Ferline jier binne der meardere net makke en dat is foar letter ferfelend.
Dêrom ús oprop: meitsje nije wike sneon gelyk in alvetal foto, sadat wij wer aktueel binne.

Foto’s (2)
Wij wolle graach fan alle fuotballers in foto op de side. De foto’s fan de jeugd moatte sa en dan wol ferfongen wurde want de jeugd feroaret fluch en it is dúdlik dat Cé der net mei F-kopke opstean wolle.
Dêrom binne ek foto’s fan de spilers wolkom, wêrfan de foto dateard is.
PS: Foar senioaren jild wierskynlik it omgekearde. Sij wolle mooglik graach in foto der op stean hawwe wêr’t se der noch lekker jong útsjogge.

Christian Zijlstra

Justerjûn wiene wij efkes yn Starum bij de Fryske Cashjûn. Om al fêst wat yn de Cash stimming te kommen foar The Boys Named Sue dy’t nije wike sneon yn Wommels spylje op it Greidhoek’-festifal.
Yn Starum wenje sûnt dizze simmer Jaap en Regina Zijlstra en de bern. En efter de bar fan harren Ytkafée De Visserman troffen wij Christian, ferline jier noch bij SDS.
Ynkoarten spilet hij tsjin SDS want hij sit mei QVC A1 yndield bij SDS A1.

Harsens derby (563)
De keeper fan Barcelona stie justerjûn efkes te sliepen: