Weppers snein 11-5

Utslaggen 10-5
9 mei 2008
Weppers -moandei 12-5
11 mei 2008

SDS F1 pakt kreas punt
Mooi weer en een tevreden F1. Vorige week thuis tegen minnertsga  hebben we verloren, vandaag m
oesten we alweer tegen  de kampioenen uit onze competitie. Het was behoorlijk warm in het hoge noorden, maar onze jongens hebben zeer goed revance genomen.
De boys uit Minnertsga kwamen ons tegemoet op de kampioenen wagen en zouden thuis wel weer even van ons winnen.
Onze jongens waren op het laatst bijna allemaal beroerd van inspanning en warmte, maar hebben een hele mooie pot voetbal laten zien.
Uiteindelijk werd het 1-1
Goed gedaan jongens
Johan

Wanten
Marten Faber kaam sneontemiddei kreas op tiid oanriden yn syn auto dy’t opsierd is mei in Feyenoord sjaal. Om ôf te reizgjen nei Hurdegaryp. Hoewol, hij kaam melden bij trainer Hylke dat er noch efkes nei hûs moast om syn wanten op te heljen. “Dat is best” sei Hylke,dy’t mooglik gjin Feyenoord fan is,  “kinst dy sjaal moai efkes thûs bringe.”

Senuweftich? neu!

Doe’t SDS 2 ôfreizge nei Hurdegaryp, die bliken dat Hylke hielendal allinne ride moast. “Der wol net ien bij dij yn de auto”, waard er frege.
“Myn stoel is al beset”, sa wist Hylke te melden,
Yndie dêr leine wol in hiel soad kankerstokjes.

Jan
Eindelik, hij koe wer in kear op sneon fuotbalje. Noch wol wat ûnwennich, mar fol goeie moed gie Jan “never on tuesday” Stenekes mei nei Snits. “Trije doelpunten sis ik jim ta”, sei hij sûnder twifel.
En wij moatte sizze dat hie der maklik ynsitten. Meardere kearen krige hij doelripe kânsen tsjin WPB 4 , mar de teller bleau op 2 stean.
Lit ús mar sizze dat it sneonsûnwennigens wie.

Super!
In protte SDS’ers hienen juster de muoite dien om mei dit strânwaar dochs efkes by SDS 2 yn Hurdegaryp te sjen. Geart, Robert, Anco(foto’s?), Douwe-Durk, Gatske, Oebele, Klaas, Syb, Auke, René, Ivo, Sjoerd, Pieter, Jan en wa ’t wy noch ferjitten binne bedankt namens SDS 2.

Traine
SDS 2 traint tiisdeitejûn net om 20.00, mar om 19.00. Sis it fierder!

Net op in klútsje

De leukste opmerking fan dit wykein komt fan de keeper fan QVC F 4 yn de wedstryd tsjin SDS F4. Der wiene oan beide kanten 9 spilers en de lieders besletten om elkenien spylje te litten. Dan is it altiten drok op de 10 fjouwerkante meter. It doelmantsje fan QVC rôp dan ek: “Net op in klútsje”

In moai duel fan ien fan de F4 spilers (wa?)

Geruggie
Bij WPB wisten se te melden dat se nije wike in alhiel frijwbliuwend, orientearend petear hawwe mei Jos Zonderland dy’t bij SDS it fuotbaljen leard hat en bij de B-seleksje op papier stiet, mar yn Snits wennet.
De klups moatte der fansels ek noch út sjen te kommen.

Jaap Boekholt

Jaap Boekholt, de doelman fan SDS 5 hat nei 17 jier ôfskie naam fan SDS. Troch ferfarring nei Gieten is it net mear mooglik om de ûnmooglikste ballen sneons út it doel te halden.
Op it fjild fan WPB waard hij mei in blomke der úthelle. Hij naam tapaslik ôfskie: Jaap hold de nul.
Bij SDS 5 sille se Jaap misse, hij wie sa trou at mar
mooglik is.

Spesjaal foar Jan
Tiisdeitejûn 13 maaie om 19.00: SDS 3 – Berltsum 2

Moarn mear!