Weppers snein 10-4

Ut- en ferslaggen sneon 9-4
7 april 2016
Weppers moandei 11-4
11 april 2016

Tige by tige!

“Ut namme fan de spilers en de begelieding wolle wy as earste zijnde graach alle SDS-supporters bedanke die’t us eltse wike wer oanmoedichje yn us striid tsjin degradaazje! We ha juster mei sien allen in machtige oerwinning boekt en ta us verrassing stie us nei ofrin in ‘hache’ fan SDS supporters op te wachten. Dit hat best wol yndruk makke en derfoar wolle wy eltsenien die’t SDS in waarm hert tadraacht bedanke! 

Wy binne SDS, Sterk Door Samenspel fan Spilers en Supporters!”

Krekt te let……..
By SDS 4 appte (hatt)Rick Hendriks foar de wedstryd dat der efkes letter komme soe. De tredde helte soe der yn elts gefal wol helje. Dat slagge mar krekt, want hy wie der om in oer as 17.00…

Yn Tsjummearum…..
Gerrit Postma is trou supporter fan SDS 4 en komt eltse wedstryd efkes sjen. As it no út- of thús is makket him neat út. Sneontemoarn hie hy noch hurd op de webside sjoen dat SDS 4 út nei Tzummarum moast en begie oan syn wrâldreis mei de busrjochting Tsjommearum. Spitich genôch spile SDS 4 thús tsjin Tzummarum……

SDS A1 wint dik!
SDS A1 hat juster syn grutste oerwinning fan it seizoen helle. Sy wûnen mei mar leafst 7-0 fan Blauw-Wit A2. Grutste konkurrint foar de titel sc Stiens wûn ek. Dat betsjut dat it gat 2 punten bliuwt.

SDS 2 mei tiisdei wer!
SDS 2 ferear juster jammerlijk mei 3-2 út by Waterpoort Boys 2. Tiisdei kinne sy it alwer goedmeitsje. Sy spylje dan om 18.45 oere thús tsjin Lions ’66 2.

Kantinetsjinst
De Soalleseize is noch drok op syk nei in barfrijwilliger foar tiisdeitejûn. Wa ’t efkes efter de bar stean wol mei maile nei info@vv-sds.nl.

SDS 1 is frij
Kommende sneon is SDS 1 frij. Sy hoefe pas wer op sneon 23 april. Sy spylje dan om 14.30 oere thús tsjin koprinner sc Joure 1.

Harsens derby (1703)
Dit sil Ronaldo net leuk fine………….. Toet, toet!!