Weppers freed 30-1

Weppers tongersdei 29-1
29 januari 2015
Weppers snein 1-2
31 januari 2015

Gjin fuotbal yn District Noord
De KNVB hat foar moarn alle wedstriden mar fêst ôflast.

Gjin Efkes Baljen
Der is jûn gjin Efkes Baljen. Der leit no noch allegear snie en at dat fuort is, is it te wiet.

SDS 1
Kommende sneon wurdt wer besocht om  de kompetysje fan SDS 1 in ferfolch te jaan. At it moai waar wurdt dan moatte de mannen nei Sint Jansgea foar in potsje tsjin DWP (De Wite Peal). Mocht it net troch gean dan is it alternatyf bij de buorlju, nammenlik Aldehaske.
Beide kearen begjint de wedstriid om 14.30 en moat elkenien om 12.30 klear stean.

Seleksje SDS 1

Jaap, Ewout, Tsjipke, Feiko, Elger, Harm, Bauke, Hendrik, Erik, Dirk, Skelte, Grietzen, Dirk Yde, Jelmer en Sjoerd de V.

SDS 2 oefent net
SDS 2 soe te oefenjen, mar dit wurdt neat.
De seleksje is wol bekend:
Sjoerd, Bote, Geert, Hendrik, Allert, Feite, Gerrit, Jentsje, Jort, Pieter K, Ralph, Pieter W, Willem, Broer J, Kristian, Wytze.

Schalke ’04
Bauke en Pieter, Johan en Inne, Boudewijn en Almar binne hjoed ôfreizge nei Gelsenkirchen. Sij sitte moarn op de tribune at
Schalke 04 it opnimt tsjin Hannover 96. Mei oare wurden: sij wolle Huntelaar skoaren sjen.
Earder diene dit sextet (sa meie wij harren wol neame mei de muzikant Pieter de Boer yn de gelederen) al ris in reiske nei Barcelona.

Ut de âlde Treffer

Dit komt út de Treffer fan july 1975. Sis mar 40 jier lyn.

Kwisfraach
Yn de SDS-kantinekwis fan 2020 kinne jim yn elts gefal dizze fraach ferwachtsje:
“Welk lân wûn yn 2015 net de Afrika Cup, mar gie as ienige lân sûnder te ferliezen nei hûs?
Sjoch hjir.