Weppers Pinkstersnein

Utslaggen 23-5
22 mei 2015
Biede op SDS-feilingstikken!
24 mei 2015

SDS-jûn: Opjaan foar de barbekjoe!
Hasto dy al opjûn foar de barbekjoe op de SDS-jûn? Doch dat dan gau
hjir, want wy moatte it úterlijk woansdei witte!
De barbekjoe giet sneon 17.00 oere oan.



Neikompetysje SDS 2

Eindelijk is it bekend tsjin wa ’t SDS 2 fuotbalje moat nyn de neikompetysje. Sy spylje tiisdei om 19.00 oere út tsjin Rijperkerk 2 en sneon om 14.45 oere thús. Dêrnei kinne sy lyk oanskowe by de barbekjoe!

Heechste bod!
Wy hawwe in bod krigen op de middenstip fan it nije keunstgersfjild fan SDS. Fannemiddei mear dêr oer!

Programma SDS-jûn!
It programma foar de SDS-jûn sil der sneon grof wei sa útsjen:
Fanôf 17.00 oere: SDS-barbekjoe
Fanôf 18.30 oere: bekendmakking winners SDS-League
Fanôf 19.00 oere: SDS-ferlotting
Fanôf 19.30 oere: SDS-feiling
Fanôf 21.30 oere: SDS-muzyk
en dan sjogge wy wol hoe let as it wurdt!
Tuskentroch draaie wy ek noch efkes oan it Draaiend Rad!

Aan alle pupillen van SDS.
Op vrijdag 29 mei organiseert de jeugdcommissie voor alle pupillen van SDS weer de jaarlijkse slotjûn. Ondanks dat we slechts een één veld hebben, is er een mooi programma samengesteld. We gaan weer penalty-schieten, er wordt gestreden om het kanon van SDS en de scherpschutter van SDS. Natuurlijk doen we partijtjes. En nog veel meer.
Om 17:00 uur gaan we los. Kom op tijd zodat we ook meteen kunnen beginnen. Het programma duurt tot ongeveer 19:30. Gedurende de avond krijg je patat. En aan het einde wordt de winnaar van de minileague gehuldigd.
Je hoeft je niet op te geven, gewoon komen in je voetbalkleren! We willen op tijd beginnen dus een half uur voor aanvang aanwezig zijn (16:30 uur). Als je op de Skoalleseize komt, dan even melden in de kantine. Je hoort dan in welk groepje je zit. Onder alle aanwezige pupillen verloten we ook dit jaar weer mooie prijzen!
Tot vrijdag 29 mei.
De jeugdcommissie van SDS

SDS D2 wint mei tank oan de memmen!
SDS D2 wûn juster mei 2-0 fan Dronrijp/Foarút D3. Dit wie in hiele spesjale oerwinning, want D2 waard kootsjt troch de memmen fan Giel, Jente en De mem fan Wessel flagge. Dit kin wol wer ris!

Marco-Lykle
Scharnegoutum en TOP spilen juster foar in plakje yn de fjirde klasse. TOP wûn de earste wedstriid mei 1-0 en spile juster lyk mei 1-1.

Waterpoort Boys ferliest, mar…..
WPB hat juster mei 2-1 ferlern fan Berlikum en bliuwt dus ek folgend seizoen yn de 3e-Klasse. Op de weromreis út Berltsum pakten sy noch wol in pear aardige puntsjes (klik
hjir).

SDS-keunstgerslotten bestelle?
Je kinne noch altiten lotten foar de keunstgersaksje bestelle fia
dizze webside. In lot kostet €10,- en de haadpriis is €3000,-. Wa kin dat no net brûke? Dêrneist is de kans gans grutter om by SDS wat te winnen as by de Staatsloterij.

It jild fan de SDS-keunstgerslotten ynleverje!

Fierwei it grutste part fan de SDS’ers hat syn jild fan de keunstgerslotten al ynlevere, mar noch net eltsenien.
Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer:
NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein

Graach hjoed of moarn sadat wy ús hielendal rjochtsje kinne op de SDS-jûn nije wike!

Harsens derby (1506)
Toet, toet!