Utslaggen 23-5

Weppers freed 22-5
22 mei 2015
Weppers Pinkstersnein
24 mei 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje deútslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!
 

SDS 5 giet sneon net troch. Der wiene mar 7 beskikber spilers.

       
09:00 SDS E1 Balk E1  
10:00 SDS F2 Woudsend F2  
11:00 SDS E3 IJVC E2  4-4
12:00 SDS E4 LSC 1890 E9  
09:00 SDS D1 Heeg D1  0-0
10:30 SDS D3 Makkum D2  7-0
12:00 SDS C2 LSC 1890 C5  3-9
13:45 SDS VR2 fc Harlingen VR2  
13:45 SDS MD2 Oudega/HJSC/Heeg MD1  
09:00 Oudega/HJSC E1 SDS E2  8-2
09:00 Balk E2 SDS E5  7-2
09:00 Heeg F2 SDS F1  
10:15 Balk F5 SDS F3G  0-6
11:45 Lions’66 5 SDS 5  g.n.t.
12:00 Dronrijp/Foarut D3 SDS D2  0-2
13:30 fc Harlingen C1 SDS C1  7-0
15:00  Boso Sneek VR2 SDS VR1  3-2

SWZ BOSO Sneek VR2 – SDS VR1
Ilse en Agnes skoarden.

Efkes Balje
De omstannichheden liken perfekt freedtejûn. In lekker sintsje, in strak fjild wêr’t hurd ynpasse needsaaklik wie en in goeie opkomst. En dochs gie it mis. It waard foar de hesjepartij gjin perfekte jûn omdat se gjin kâns hiene tsjin de gekleurde hesleaze partij en dat is foar winners ek net perfekt.
Der gie dus iets mis op ien of oare wize, want in wedstriid fol spanning en twa winnende partijen is better.
Oprjochte eksuses fan de hesje útdieler binne dan ek op syn plak. Hij wol dêrbij wol oantekenje dat in oantal redenen de oorsaak wiene fan dizze  flater. De hesjeútdieler foarmet him tidens it opwaarmjen en ynskoppen in byld fan de fysike en geastlike tastân fan de oanwêzige fuotballers. Sitte se goed yn harren fel, sprekke se gjin wartaal en binne se fol fjoer. Ek feestlike of tryste barrens yn de neiste omjouwing wurde allegear meinommen om te kommen ta de goeie gearstalling fan de teams. Want it giet ek bij it Efkes Baljen om de “totale minsk”.
At de klok healwei achten slein hat, is it omsjen en de analyse klear en dan wurde de earste hesjes útdield. Ek dat giet yn in bepaalde folchoarder.
Wylst it proses fan hesjesferdielen al geande wie en dat wie nei klokslach healwei achten dus, kaam fan lofts ynienen Folkert Rients en fan rjochts Henk Postma, wylst Tjerk van der Pol sa gretich wie dat hij as earste in hesje hawwe woe.
En doe gie it dus hielendal ferkeard, want de hesje-útdieler moast no syn djipgeande ütkomsten fan syn tinksesje om de goeie ploegen yn te dielen op basis fan syn krekt beskreaune totaleminsk analyse, falle litte.
It waard dus in ramp foar de hesjes. Wat er ek besocht waard troch hieltyd te wizen op it feit dat it doel net goed stie en de hesleazen der gjin probleem fan makken dat se om de 5 minuten it doel wer ferpleatsten it joech neat. In rugbydoel hie miskien wol holpen.
It soe te koart troch de bocht wêze en net earlik om de prestaasje fan de hesleazen as net rjochtfeardich te beskôgjen. Want mei de trije âldsten yn it team leveren de winners gewoan in goeie prestaasje. Hearlike doelpunten mei foet of holle it wie in lust foar it each.
Treast foar de totaalferliezers (Inne, Folkert Rients, Ferrie, Theo, Pieter deB, Tjerk, Harrie) en lokwinsken foar de winners (Piter Ve, Chiel, Wouter, Johan, Henk, Bertus en Aant).
Oare wike binne der wer nije kânsen en ien ding is wis, dizze hesje-útdieler is der net en dat moat foar sommigen in treast en opluchting wêze. Miskien moat er mar poate wurde.
Aant