Weppers peaskesnein

Ut-en ferslaggen sneon 19-4
18 april 2014
Aaipopweppers
20 april 2014

Stadionferbot
Fan te foaren hawwe se der fan alles oandien om it opleine stadionferbot fan in klupikoan fan Nijland ta útfiering te bringen. Uteinlik wie it maklik. In útnoeging om in middei nei Grins ta  (wierskynlik Ikea besite) wie genôch om foar te kommen dat hij ôfreizgje soe nei Easterein.

Pupillen
Fanwege de grutte mannichte oan weppers, moarn de foto fan de pupillen fan de wike.

Makaroni
De basis fan it kampioenskip fan SDS 5 leit foar in part by de makaroni fan Vera. Sij hie tusken de middei ferskillende SDS 5 spilers en de flagger oan tafel sitten. Wij hawwe begrepen dat sommigen selden sa lekker iten ha.

Foto’s
Henk Bootsma hie it juster wer smoardrok mei foto’s meitsjen. Dochs docht it neat ûnder foar de kwaliteit. Wat in plaatsjes. Besjoch se hjir. Der komme fêst mear.

Jelle de Jong mei in skoen yn syn nekke……..

Liftsje
Ate Vellinga, krekt in jierke âlder, mei noch altiten graach liftsje. Sa ek sneontemiddeis at SDS 1 thús fuotballet. Sa stie hij juster noch mar krekt oan de dyk, de tomme omheech en dêr stoppe gelyk in auto. Hij waard sels oan it sportpark ta brocht, tanksij Fokje Kooistra fan Kûbaard.

Oscar Zijlstra
Opmerkelijk wie sneon by SDS dat der 2 keepers wienen dy ’t skoorden. Gert-Jan Hiemstra skoorde foar SDS 5 út in strafskop. Remon Rameau makke as keeper fan SDS 3 yn de wedstryd út tsjin SC Joure 2 de goal fan syn libben. Syn fiere úttraap ferraste de keeper fan de Jousters. In echte “
Oscar Zijlstra” dus. Remon hat dit fan hearen en sizzen, want syn goal hat hy al flokkend belibbe(“p.v.d. fiersten te fier…………”) mei de rêch nei de bal……..

Freonen
SDS 2 is in echt freoneteam as je dat sa leauwe moatte. Yn de SDS 2-app kaam it folgende foarby:
Sjoerd R: “Ik bin myn skinebonkbeskermers kwyt. Wa hat der guon foar my?”
Hendrik de J: “Ik haw noch wol in pear lizzen”
Sjoerd R.: “Dat is moai! Ik bin ek noch 50 euro kwyt”

Skaal
SDS 5 waard dan juster eindelijk kampioen en wat wienen se bliid:

It sil fêst ûnwennich wêze foar in Feyenoorder om mei de skaal te stean
Foto Henk Bootsma


Op de platte karre
Fansels gie SDS 5 op de platte karre troch it doarp:
KAMPIOENNNNE!!!!!!!!!!

Tige by tige!
It wie juster yn de kantine wer ris âlderwetsk gesellich mei tank oan û.o. Harm-Auke, DJ E.T.(Elger Turksma), SDS 5, ús freonen fan Nijlân en fansels de frijwilligers efter de bar! Vera, Wilma, Matty, Wilco, Karin en wa ’t wy noch fergetten binne; tige by tige!

Derby
Hjoed in hiele echte derby yn Boalsert. RES moat it opnimme tsjin scBolsward en dy kinne kampioen wurde en nei de fjirde klasse promofeare.

Harsens derby(1255)
Knap skot……………….