Ut-en ferslaggen sneon 19-4

Seleksjes 19-4
17 april 2014
Weppers peaskesnein
19 april 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers (ek SDS 4), bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

útslach
08:30 SDS E1 – LSC 1890 E4 3-4
08:30 SDS C2 – Tzum C1G 2-5
08:30 SDS F2-ONS/BosoSneek F2 2-12
09:30 SDS F4 – IJVC F4 15-1
09:40 SDS E4 – Blauwhuis E2 4-1
10:10 SDS VR1 – SWZ VR1 1-8
10:30 MINI LEAGUE F Pupillen
11:15 SDS D4 – FVC D3 1-2
12:00 SDS 4 – IJVC 2 0-5
12:30 SDS D1 – Nieuweschoot D1 g.n.t.
14:30 SDS 5 – EBC 2 8-0
14:30 SDS 1 – Nijland 1 1-1
12:30 SDS 2 – Friese Boys 2 3-1
16:20 SDS A2 – Oosterlittens A1 g.n.t.
09:00 Suameer D1G – SDS D3 2-1
09:00 Scharnegoutum E2-SDS E2 5-0
09:45 LSC 1890 F7 – SDS F3G 5-6
10:00 Oudega/HJSC C1 – SDS C1 1-1
10:15 SWZ F2 – SDS F1 3-1
10:30 Oosterlittens D2 – SDS D2 2-3
11:15 AnnaparochieMC1-SDS MC1 2-1
11:30 Bolsward E7 – SDS E3 1-4
14:00 Joure SC 2 – SDS 3 2-2
14:00 Irnsum A1 – SDS A1 3-2

Lolke Hofstra hat al efkes in fersyknûmer foar DJ E.T. ynlevere:

In fersyknumer foar de kampioenen fan sds 5 : 

You’ll never walk alone  

Lolke

Ek Daan wit wol in nûmer:
Bij winst voor SDS 5 wil ik het nummer aanvragen van Tina Turner met simply the best.

De Grens Daan Louitje van Gaal.haha

Ek krije wy in fersykje út De States:
Hjirby wol ik SDS 5 moarn een protte sukses tawinksje. Fanut Amerika, tusken Death Valley en Sequoia Park, hoopje ik dat se een geweldige mooie dei ha sille. As fersyknummer, mei sjoen de leeftiid, it nummer “the best days of my life” fan de cats. Net allinich Ype, mar ik hoopje dat it hiele team stean giet en meisjonge sil.
gr Sipke Hiemstra
En letter nochris:
Ik kom nog efkes werom op myn fersyknumer. Kwa tekst is “the best days of my life” seker fan tapassing. Mar kwa sfear miskien net sa geskikt. Ik bliuw by the cats, mar lit it oan de dj en as sds 5 oer. Bygelyks Mary-ann, Vaya Con Dios as One way wind is better mei te sjongen.
No, ik hear it letter wol,
nochris gr fan Sipke

Efkes Balje
Om goed 19.30 oere koe it los mei 6 tsjin 6. Lykweardich like it wol. Mar doe kaam der noch in bus út Wommels. Mei Folkert en Rients. Mar omdat dy twa nammen mar ien persoaan binne waard it even tsjin ûneven of te wol mantsje mear tsjin mantsje minder. It lykwicht wie fuort en partij mantsje mear rûn út nei in flinke foarsprong. Johan Heerma fan mantsje mear krige begrutsjen en liet him gelyk op de transferlist pleatse. De oergong wie fluch regele (hesje oan) en doe koe de efterfolging ynset wurde. Der waard wer fúleindich striden en at der gjin gers mear op it trainingsfild stiet dan komt dat troch de mannen dy’t it gers hast opfrieten.
It waard gelyk yn de grutte partij en doe koe noch striden wurde om de twa winnende doelpunten. Dat duorre efkes mar hij foel. De jongste Hylkema makke him mar de man fan de jûn wie fansels Johan Heerma, hij kaam op in grutte foarsprong en wist ek wer op gelikende hichte te kommen.
Les fan dizze jûn: mantsje gelyk tsjin mantsje gelyk is it beste. (ah)

SDS 1 – Nijland 1   1-1
Fan te foaren wie it idee dat it wol ris in “Yn de kont hingje” wedstriid wurde koe. Nijland as taktyk en SDS omdat it efkes net better kin.
Neat fan dat alles. Nijland ferraste freon en “fijân”. Sij foelen oan as wiene it de Russen dy’t de Krim besette woene. It soarge der foar dat Jaap Toering it smoardrok hie en dat it korners foar Nijland reinde. Mei hingjen en wjirgjen bleau SDS oerein. In sporadyske oanfal liede ta aktiviteiten yn it strafskopgebiet fan doelman van Dalfsen.  De rêststân fan 0-0 wie dan ek swier flattearre.
Nei de tee waard it wat mear in wedstriid. SDS gie yn earsten iets feller de duels oan en de ploegen waarden dêrmei wat lykweardiger.
It doelpunt wat Nijland net makke, foel wol oan SDS side. It wie Mark Postma, ien fan de bettere spilers fan SDS dizze middei, dy’t de bal tsjin it net oankrige.
Nijland die der in skepke boppe op en it lêste diel fan de twadde helte wiene sij wer de bettere ploech. Persoanlike duels waarden wer wûn troch de gasten. De wize wêrop it 1-1 waard sei alles. In ûnnedige oertreding yn it strafskopgebiet waard troch de skiedsrjochter terjochte bestraft mei in strafskop.
Nei de 1-1 waard der foaral troch Nijland socht om de foarsprong mar dy kaam  der net.  Dus waard it gelyk en dat past wol wat bij Nijland yn dizze kompetysje.

SDS 2 – Friese Boys 2    3-1
Hiel miskien sit der dit seizoen noch wol in pryske yn foar SDS 2. Dan soe der hjoed wol fan Friese Boys wûn wurde moatte. Dit slagge hielendal. “Hattrick” de Jong hie it aardich op de heupen en skoorde yn de earste helte al 3 kear. De Sweachsters makken der yn de twadde helte noch 3-1 fan, mar de winst kaam nea yn gefaar.
SDS 2 stiet mei noch ien wedstryd te gean dield 3e. Sy kinne net mear twadde wurde.

sc Joure 2 – SDS 3     2-2
Fan de twa doelpunten dy’t SDS 3 skoarde sil der fêst ien fan Pieter Kamstra west ha. En dat kloppet. De oare wie fan Remon Rameau en dy kin lyk de boeken yn as goal fan it jier. Hy stie namelijk op goal en makke in echt “Oscar Zijlstra”. Sjoch ek by de weppers fan snein.

SDS 5 – EBC 2          8-0
De kampioenswedstriid dy’t ek de kampioen oplevere. Sa dra de mannen wer nuchter binne heare wij fêst wol wat de doelpuntenmakkers wiene.

SDS Vr1  – Swz Vr 1     1-8
In doelpunt fan Sieta kinne wij melde.

Irnsum A1 – SDS A1
Vandaag de 3e ontmoeting met en tegen Irnsum, 2 x gewonnen, niet makkelijk, maar toch….
En op een of andere manier merk je dat, dus is het zaak scherp te beginnen.
Dat gebeurde niet, makkelijk balverlies, slordig spel, ongeconcentreerd….., tot de 12e min.
Een prachtige solo van Teun ronde hij zelf ook keurig af, 0-1.
In de 25e min vloog een corner van Irnsum er in 1 x in, 1-1 en toen zag je iets vreemds gebeuren, er werd niet meer gevoetbald, geen pass kwam nog aan, al het 2e balcontact was niet goed en de lange bal werd ineens veel te veel gespeeld.
Wat we anders zo goed doen, de 2e bal het middenveld in en dan de spitsen aanspelen gebeurde totaal niet meer.
Daar komt nog bij dat het middenveld en de spitsen geen bal meer goed konden raken, en je hebt een vervelende partij van onze kant.
Irnsum had dat goed door en door een fout op ons middenveld en een  dosis wilskracht kwamen ze in de 30e min, nog steeds onverdiend, op 2-1 .
Ruurd was uitgevallen met een blessure, Gerwin verving hem met veel inzet en doorzettingsvermogen op een waardige manier.
Toch hielden we hoop toen Lourens op zijn bekende wijze zeer fraai de 2-2 maakte in de 35e min.
Dat was ook de ruststand.
De coach was allerminst tevreden met het vertoonde spel, ook al omdat we er allemaal van doordrongen waren dat het beter en scherper moest.
De 2e helft zag je het gewoon gebeuren, op een of andere manier liep het niet, kwamen de passen over 3 meter al niet meer aan, werd er slordig en onzorgvuldig gespeeld, in alle linies.
Niemand kon het tij keren, en na 10 min deelde ook Bouke mee in de malaise en veroorzaakte een penalty.
Deze werd knap binnen geschoten en we stonden weer achter.
Vanaf dat moment was er absoluut de wil om te winnen, maar lukte werkelijk helemaal niets, ook al omdat Irnsum werkelijk met hart en ziel de voorsprong verdedigde, en eerlijk is eerlijk, de verdediging van Irnsum heeft dat zeer knap gedaan.
Er werd niet meer gescoord, dus een verliespartij voor ons, iets waar niet iedereen even goed mee om kan gaan, en dat hoort niet, maar daar hebben we het nog over.
Hoe dit kan gebeuren , moeten we even analyseren, dat we verliezen is niet erg, maar de manier waar op wel, maar het blijft een teamsport, dus iedereen is er debet aan, ook de coach. We winnen met z’n allen, en we verliezen ook met z’n allen, dus niet alleen de spitsen.
Mannen, later hoorde we dat Heerenveense Boys ook verloren heeft, dus……….
We houden de moed erin……
Boudewijn.

Easterlittens D2 – SDS D2:   2 – 3
Hjoed in tige wichtich potsje yn de striid om it twadde plakje. De tarieding wie net al te best. Omklaaie yn in klaaikeamer wer at al trye alvetallen ynsitte….  Mar undanks dat wie it fansels prachtig fuotbalwaar en it fjild lei der skitterend by. Om healwei alven stie eltsenien klear, allinich wie it wachtsjen noch op de skiedsrjochter.  Om fiif minuten nei healwei alven hie de beste man syn kofje op en koene we los.  Op it moaie, grutte fjild gie de bal goed run by SDS. Der kamen kansen foar SDS, mar de ferdediging moast skerp bliuwe, want Easterlittens hat in hiele snelle rjochterspits.  Dochs kamen we fertsjinne op in  1 – 0 foarsprong troch in goal fan Stan.  We bleauwden goed fuotbaljen, mar fergeaten de 2 – 0 te meitsjen.  En at je sels net skoare, dan bard dat faak wol oan de oare kant. Ut in kounter fan Easterlittens, moast Eeltsje in oertreding meitsje op de snelle spits fan Easterlittens. Hy makke dizze oertreding yn de 16-meter, sadat de skiedsrjochter net oars koe dan in strafskop te jaan.  Dizze waard hiel hurd ynsjitten, al siet Jeffrey der noch hiel ticht by.  Dochs hald SDS it beste fan it spul en Easterlittens moast hieltiid mear oertredings meitsje om it spul fan us te untregeljen. Yn de 20e minuut kaam Jurjen foar Anco en Wiltsje foar Bartle deryn.  Mei moai kombinaasje fuotbal waard SDS hieltiid better en Stan makke foar rest de 2 – 1 en de 3 – 1.
Yn de rest hiene we goed ofpraat om de twadde helte skerp te begjinnen en net allegaeare foar de bal te stean.  Mar al nei 2 minuten giene we efterien yn de fout en Easterlittens makke de oanslutingstreffer.  De striid lei wer hielendal iepen en it spul waard hieltiiid hurder fan de kant fan Easterlittens. De man mei de wettersek hie it der mar drok mei, want de iene nei de oare spiler fan SDS lei op ‘e grun. Gelokkich koe eltsenien nei de behanneling mei de wiete spuns wer fjirder spylje.  Allinich Douwe Jan ferstapte him en koe efkes net fjirder.  Hjirtroch kaam Anco  yn it sintrum fan de ferdediging te spyljen.  Nei  ungefear in kwartier joeg Douwe Jan oan dat hy wol wer spylje koe en hy kaam wer op syn fertrouwde plakje yn de ferdediging te stean. Dit wie ek nedich want Easterlittens waard hieltiid sterker.  Gelokkich koene we mei hurd wurkjen en goed ferdedigjen de oerwinning oer de streep luke. 
Omdat Ljouwerter Sweltsjes wun hat fan FVC leit de striid om it kampioenskap wer hielendal iepen. We steane no op it twadde plak mei Ljouwerter Sweltjes op 3 punten fan koprinner FVC.  Mei noch  4 wedstriden te gean en ek noch in kear tsjin FVC, is alles noch mogelik.  Nye wike binne we fry in ferban mei Keningsdei. De wike dernei spylje we thus tsjin Sint Annaparochie.

Theo.

LSC F7 – SDS F3G (5-6)

Alwer moai waar om te baljen. Al wie it fannemoarn op ‘e wyn toch noch best wol kâld. Om goed njoggen oere wiene wy te plak yn Snits by LSC.

LSC hat in protte teams en yn ferhâlding net folle klaaiboksen. Mar in frijwilliger fan LSC hie it allegear knap yn ‘e fingers om alles yn goede banen te lieden sadat net alles kris kras troch elkoar yn ‘e klaaiboxen siet. Om kertier foar tsienen gie ús wedstriid los. Gelyk stiene wy goed te fuotbaljen. Skerp en fel op de bal. Us spitsen en middenfjilders hiene gelyk kânsen. Dochs wie it ús tiidelike linksback dy’t de iepeningstreffer skoorde. Fol trots uiteraard. En dat joech hem gelyk fleugels, sa lyke it wol. Wy hiene fanôf it middenfjild moaie opbouwen en passes. De trainer wie ôfrûne wiken mei in pear spilers bezig west om de passes wat doeltreffender te meitsjen en dat wie hjoed goed te sjen. LSC waard fuortspiele en hie net folle yn te bringen. It wie wer dezelfde linksback dy’t, nei in moaie counter oer de linkerkant fan it fjild, de 2-0 skoorde. It fertrouwen kaam yn de wedstriid en d’r waard net in bal fuortjûn. Dochs waarden de kânsen lang net altiid goed benut. Moaie opbouwen mei iets minder goed ôfmeitsjen, Oftewol: net skoore!! Mar dêr wie alwer ús linksback. Mei hurd wurkjen wist hy alwer de bal yn it net te krijen. Ja, en dat is sa’t sy sizze in hattrick, David! Wy koene noch 1 kear skoore en mei in 4-0 foarsprong giene wy de rust ien. En doe begûn de twadde helte. Tja, wat sil ik dêr ris oer sizze. Lit ik it sa formulere: Wy ha in goede earste helte spiele en dêr woe ik it mar by hâlde… Mei de billen by elkoar kaam gelokkich krekt op tiid it einsignaal en wûnen wy dochs noch de wedstriid mei 6-5!!!

Ik nim net gau nammen want ik fien dat wy it spultsje mei it hiele team spielje, mar hjoed wie David echt wol “man fan de wedstriid”. Net allinich om hy trije kear skoort hat mar ek de hiele wedstriid hurd wurke hat!

Folgjende wike alwer frij.

3 maaie mar wer derfoar…

Herman

David dy’t hjir op wei is nei syn fjirde treffer.


SDS F4 – IJVC F4
Hjoed stie de wedstriid tsjin IJVC F4 op it programma. De F4 hat fansels in reputaasje heech te hâlden om’t wy alle wedstriiden oan’t no ta wûn hawwe. De mantsjes hienen d’r wer nocht oan! Mar “de bal is rond”.
Mar de mannen hienen net lêst fan de senuwen, want binnen 5 minuten waard d’r al scoort troch Niels Terpstra. Je kinne merke dat se alle wiken mei elkoar spylje want d’r wurd steeds mear al oerspiele en de passes komme ek steeds better te plak. 
Nei de 1-0 gong it rap. Ik moast myn boekje d’r goed by hâlde: Stern scoorde de 2-0, Yke, Stern, Yke, Jesper, Yke, Jesper, Niels van Lelyveld en Jesper soarchen d’r foar dat it mei rêst 10-0 wie. Tsja wat moat je dan noch sizze yn de rêst? Foaral as de tsjinparty earst noch by ús yn de kleiboks sitte…..!
Mar ik moast de mannen al in bytsje te plak sette… se makken d’r hast rugby fan as d’r wêr ôftrape waard! Nei rêst scoorden noch Yke, Niels Terpstra, Yke, Niels Terpstra, dêrnei scoorde IJVC en Niels Terpstra soarge foar de einstân: 15-1
Bartele kaam ek efkes te sjen. Hy hie al wêr in earm út it gips en woansdei mei de oare earm út it gips. Dat gjit mar best! “Dan kin ik miskien de folgjende kear wêr tsien minuten spylje!”
3 maaie de útwedstriid tsjin SJO Oudega/HJSC F4. 
groetnis Anneke