Weppers peaskesnein 16-4-2017

Sneon 15-4-2017
14 april 2017
Weppers tiisdei 18-4-2017
18 april 2017

Plakje frij op de keepersdei

Der is in plakje frijkaam op de keepersdei foar in B-,C- of D-keeper.
Wa liket dit wat?
Mail nei fam.d.vinke@ziggo.nl!

Seleksje SDS VR1

Kommende woansdei spilet SDS VR1 thús tsjin QVC VR1.  It begjint om 19.30 oere. De seleksje sjocht er sa út:  Alize, Hester, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Sieta, Sanne Rixt, Christa, Agnes, Janieke, Jeska en Lysanne.

Koach: Hendrik en Jacob Klaas
Flagger: Bertus

Tredde klasse A

Juster binne der trije wedstriden spile yn de tredde klasse A. Alle trije einigen yn it gelykspul.. Dat hie minder kinnen foar de posysje fan SDS 1. Ek better trouwens…. Sjoch hjir foar de nijste stân.

Eeltje skoort wer út in frije traap!

Eeltje Postma is dé frije trappenspesjalist fan SDS 4. Hy levere juster mar wer ris it bewiis! Sjoch hjir mar!

SDS 2 kampioen 1995-1996

SDS 2 is kampioen en fannewike koenen jim de foto sjen fan it kampioensteam út 2003-2004. Wy fregen ús ek ôf as der ien wie mei in foto fan it kampioenskip yn 1996. Jan-Simon Jelsma mailde ús de foto en Klaas de Haan fûn him yn de kast mei foto’s. Wy tochten dat Feite de Haan doe ek yn SDS 2 siet, mar hy stiet net op de kampioensfoto. Neffens Durk Okkema die Feite doe wol geregeld mei en siet heechstwierskynlik noch yn de A’s. De kampioensfoto is nommen yn Drylts by IJVC in wike neidat SDS 2 kampioen wurden wie yn Berltsum.

SDS 4 giet foar ‘Draaiend-Rad-kampioenskip’!

SDS 4 ferlear sneon yn Heech, mar gie der wol wer mei in bult prizen wei mei it Draaiend-Rad.

De ING-hesjes

Ferline wike hawwe wy fan de ING hesjes krigen yn it ramt fan de aksje ‘wij willen hesjes’. De JO13-1 hat juster efkes past en sy passe perfekt! Tige by tige!

Remco en Wytze winne

Juster wie 4 A de topper sc Scharnegoutum 1 – VHK 1.  De Skearnegouwumers mei trainer Remco Bervoets oan de kant en spiler Wytze Lanting op loftsback pakten de trije punten en steane no ek oan kop mei Makkum 1.

Harsens derby (1871)

Dizze scrimmage hat wol wat fan SDS 2 ferline wike tsjin Mulier 2 op it ein fan de wedstryd.