Weppers moandei 9-12-2019

Weromsjen op bekerstriid 1984: SDS 1 – Frisia 1
8 december 2019
Dyn foto op de foarside fan de Treffer?
10 december 2019

Toernoaien

SDS organisearet tegeare mei vv Scharnegoutum, vv Nijland en vv Oosterlittens twa nijsgjirrige toernoaien yn de winterstop:

SDS-ers der op út


De famylje Posthumus, ûnder leiding fan heit Appie wie dit wykein yn Newcastle bij de wedstriid Newcastle United – Southampton. De einstân wie 2-1.

Bekerwedstriid

Kommende woansdei yn Ljouwert op sportpark de Magere Weide wurdt de bekerwedstriid LAC Frisia 1 – SDS 1 spile. It begjint om 19.30 oere.

Under it kleedsje

SDS 1 krige tongersdei 5 desimber twa kleedsjes fan Sinteklaas yn SDS-kleuren. Dy kamen sneon moai fan pas. Foto: Henk Bootsma

Ut in âlde Treffer

Yn it seizoen 1969-1970 spile SDS thúswedstriden yn Winsum. Dat hie fêst mei it fjild te meitsjen.  Wij fine noch in koart ferslachje fan ien fan dy wedstriden dêr. SDS- NOK mei in einstân fan 3-2. De eigen doelpunten fan twa SDS spilers wurde bijsûnder omskreaun. Wa wiene dat? Echte doelpuntenmakkers wienen dus Benny Okkinga en Piet de Jong dy’t doe al (!) 16 jier wie

75 jier

By SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 10 ôfrûne sneon in opmerkelijk barren. By Leeuwarder Zwaluwen 10 fuotballet Anne Bokma. Hy is tongersdei 75 jier wurden en waard as ferrassing yn de 75e minút út it fjild helle. Goeie kunde fan Anne Bokma wie hjirfoar spesjaal nei dizze wedstriid takaam en ferrasten him mei fjoerwurk, gebak en blommen.
Foto fan CSV.de Leeuwarder Zwaluwen

De foto fan de wike yn de LC sportbijlage

 

SDS-League

Woansdeitejûn rûn in oer as 18.53 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2189)

Ho!