Weppers moandei 9-1

Weppers snein 8-1
7 januari 2012
SDS A. Hak zaalvoetbaltoernooi E- en F-pupillen
9 januari 2012

SDS Froulju jûn op it OFK
Jûn binne der ek wer foarrondes fan it iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(foarhinne Midwintercup) yn Frjentsjer. Jûn meie de SDS-froulju it opnimme tsjin de froulju fan VIOD, WTOC, GAVC(fjild), Balk en SC Stiens.
Klik hjir foar it folledige programma fan de foarrondes.

Update 21.10: De earste wedstriid hawwe de froulju ferlern mei 0-8 fan VIOD en tsjin Stiens waard it 0-5. Letter mear….

Seleksje SDS 1 foar OFK 
Kommende tongersdei meie de mannen fan SDS 1 los yn Frjentsjer. De folgende fuotballers sille meidwaan:
Jaap, Tsjipke Klaas, Harm, Erik, Dirk-Yde, Jacob van W. en Skelte.
Fertrek om 18.45 oere út Easterein
Groetnis,
Anne en Marco

Nijjierstoernoai SDS- E- en F-pupillen
Kommende sneon 14 jannewaris hawwe de E- en F-pupillen in sealtoernoai yn Easterein. Sy kinne harren hjir opjaan. De F-pupillen fuotbalje fanôf in oer as 8 en de E-pupillen fanôf in oer as 12.00. Graach opjaan foar kommende tongersdei!

SDS 3 giet wer los!
Fanof moandei 9 januari traine we elke moandei mei it 2e mei yn Snits. Sjoch foar de tiden by it programma fan it 2e.
Elke tongersdei ha we spinnen yn Wommels om 19:30 oere.
Foar beide jild dat oanwezigheid ferplicht is en dat der net ofmelden wurde kin om neat, mochten der bysundere omstannigheden weze dan is it ferplicht om of te BELJEN mei reden. Dit doche we omdat we foar beide reserveare ha en om sa fit mooglik oan de 2e helte fan it seizoen begjinne wolle, sadat we mei it tredde nog mooi yn de middenmoot eindigje kinne.
Wy ha der nocht yn!
Groeten Jan en Sjoerd
P.s. Sneon 28 januari oefenwedstryd om 14:30 yn Easterein.


Jierdei
Luca van der Weg (F1) hat hjoed syn jierdei. Hij is no 9 jier. Fan herte lokwinske.

Seal traine
Dizze wike binne der ek al wer trainingen yn de seal.

Maandag   17:00-18:00  E3 Ayanle Barkat
Dinsdag     16:50-17:50 E1/E2 Aant Hofstra
Donderdag 17:00-18:00 E4/E5 Karst Tamminga

Keunstgerstraining
Fanôf woansdei 11 jannewaris sille in oantal ploechjes fan SDS wykliks traine op it keunstgersfjild op Schuttersveld.
E1 op woansdei fan 17.30 – 18.30
E4/E5 op woansdei fan 18.00 – 19.00
C1 op tongersdei fan 18.00 – 19.00
D1 op freed fan 18.30 – 19.30
MC1 op sneon fan 10.00 – 11.00

Barcelona- SDS-ers op in paad
Janneke van den Elshout fan Da2 siet ferline wike op de tribune yn Barcelona. Fansels lei freon Teade dat efkes fêst.





Hjir in pear plaatsjes fan de bekerwedstriid Barcelona Osasuna.
In geweldich stadion en in leuke sfeer! It waard 4-0 foar Barcelona.
Messi, dy’t einliks siik wie, die dochs de twadde helte mei en skoarde ek noch ris twa kear.

Snertrin(2)
Wy krigen berjocht dat net Ewout de Boer, mar Anne Stenekes twadde wurden is efter Jacob von Wieren mei de snertrin.

Utsje SDS 1
Kommende sneon 14 jannewaris sil SDS 1 der op út.
It programma sjocht der sa út:
 
16.30 sammelje yn Ljouwer yn kafe ‘de Prins’  
19.00 bowle by ‘de grote Keizer’ yn Ljouwert 
20.00 ite yn restaurant ‘de grote Keizer’ yn Ljouwert
Dêrnei is der noch de moochlikheid om de stêd ûnfeilich te meitsjen. 
Der wurdt fan eltsenien fan de A-seleksje ferwachte dat se meigean! Ast net kinst dan moast dy  foar woansdei ôfmelde by Skelte: 06-30814902 
Út namme fan de kommisje: Anne, Dirk-Yde en Skelte.

Statistiken
Technysk is alles tsjinwurdich mooglik. Skelte hie syn digitale draafmaat meinommen tidens de snertrin en hij lit yn de ûndersteande bylden sjen wêr’t hij draafd hat en hoe’t hij ta syn prestaasje bij de snertrin kommen is.


Harsens derby (652)
De hurde wyn ferline wike hie ek foardielen: