Weppers snein 8-1

Weppers freed 6-1
6 januari 2012
Weppers moandei 9-1
8 januari 2012

Jierdeis
Wij binne in dei efter mei de jierdeis mar wolle noch wol efkes melde dat

Tom de Rechter fan Itens (D1) juster 13 wurden is en dat
Johannes Sijbesma fan Wommels (E1) no 11 jier is. Fan herte lokwinske.

Snertrin
Juster wie de snertrin. De belangstelling wie wat minder as oare jierren (it wie mooglik te waarm), mar it entûsjasme wie der net minder om. Ek de snelheid wie prima. Wij hawwe heard dat Jacob van Wieren de nû ien wie, dat Ewout de Boer as twadde oankaam en mei alle
respekt good-old Anne Stenekes wie tredde.

Rinners
Der wiene dizze kear twa groepkes rinners. De betide starters wiene op tiid werom, de letter starters kamen healwei de kwis werom. Sij wiene te let fuort gien (?!)

Fotokwis
Nei de snert en it brea koe elkenien meidwaan oan in foto kwis. It foel noch net mei om yn konsintraasje nei in foto te sjen en dêr de fraach oer te krijen at Philppus Hingst no wol of net de sandalen oan hie op in foto wêr’t it tige waarm like. Of hoefolle bern de hannen oer elkoar hiene foar de groepsfoto. Nei 41 foto’s bleaunen der  úteinlike 4 heale finalisten oer te witten Jan Stenekes, Rudy Dijkstra, Jacob Klaas Haitsma en Sytze Hibma.
Yn de spannende finale wist Sytze Hibma Jan Stenekes te ferslaan sadat hij de ferbegearde wikseltrofee mei nei hûs nimme koe.
Marco Hoekstra. de winner fan ferline jier krige noch in oantinken, neidat hij de kreas oppoetste wikselbeker ynlevere hie.

Muzyk en taspraak en draaiend rêd
Ek fêste ûnderdielen wiene juster de taspraak fan de foarsitter, de muzyk fan Jan Bouke Bouma en it draaiend rêd mei moaie prizen.

Aant is pake
Kwismaster Sjoerd van Beem hie it juster samar ynienen oer pake Aant. It is fansels wier dat je noch mear grize burdhierren krije fan sokke enerfearjende boattochtsjes mar yn dit gefal wie in it net figuerlik mar letterlik bedoeld. Dochter Hildau is freed yn it sikenhûs befallen fan
dochter Jelske en sa meie jim Aant allegear ien kear as pake oansprekke.

Traine
De A- en B-seleksje sille moarn foar it earst dit jier traine. Sy geane moarn om 19.30 nei Snits om dêr om 20.00 op it kuenstgersfjild fan Snits te trainen.


OFK
Tongersdei en freed binne de earste foarrondes west fan de Iepen Fryske Kampioenskippen Sealfuotbal yn Frjentsjer.
Hjir kinne jim it ferslach fine fan tongersdei en hjir dy fan freed.

Trainerskarroussel(2)
De trainerskarroussel draait alwer op folle toeren. Nei Hylke Schrale binne der mear trainers dy fan klups wikselje. Sa giet Janco Kroes nei Makkum en giet Duco Mulder fan FVC 2 nei WPB 1. Sjoch
hjir foar alle trainersmutaasjes.

Transfernijs(3)
Jajuster is offisjeel de “tuskentiidse-winterstop-transfermerke” iepene. It moat dus allegear noch wat op gong komme. Seker bij tsjinfallende prestaasjes fanôf 20 jannewaris. Wy kinne hjoed melde dat:
-Fiorentia El Hamdaoui wol hawwe wol. Wy soenen sizze dwaan!
-Kuyt giet net werom nei Feyenoord………………… Oh… ja, en Messi giet nea nei Real Madrid…………
-Arsenal wol ek in Suarez, mar dan dy fan Anderlecht.

Foto’s
Letter hjoed of miskien wol moarn sille wij noch wat moaie foto’s pleatse fanút Barcelona, Newcastle en fanôf de Takomst mei SDS-ers yn de haadrol.

Harsens derby (651)
Earst foar in bytsje skeind oan ‘e holle en úteinlik foar it libben skeind oan de noas…………….


Letter miskien mear!