Weppers moandei 8-10-2018

Sneon 6-10-2018
5 oktober 2018
Gosse Smeding is ferstoarn
8 oktober 2018

Betide winst foar Jo15-2

Hjoed al om 8.30 op it fjild foar de wedstriid út yn Harns tsjin Zeerobben Jo15-3.
De mannen wiene troch de warming up goed wekker wurden en setten gelyk fanôf de start druk. Yn it begjin kamen der noch wat ûnsúvere ballen en wiene de spitsen noch net skerp genôch. Nei trije goede kânsen makke Pieter dan dochs de 0-1 foar ús. Dat holp wol wat, mar it koe ek dernei noch wol wat preciezer. Krekt foar de thee koe Pieter nei in mooie stekpass fan it middenfjild de 0-2 meitsje.
Dit soarche yn de twadde helte dat der frijer spile waard. Mei mooie trije hoekjes koe Thomas Oane de 0-3 meitsje. Dit wie prachtige útspile goal wer Jasper, Sije, Redmer in rol yn spilen. Fanút in corner koe Jetse syn earste kop goal meitsje en wie de ein útslag berikt. 0-4 winst. Dernei koene we de wedstriid mooi útspylje.
De mannen groeie mei elke wedstriid en wolle dat nije wyke thús yn Easterein wer sjen litte!
Oant nije wyke!

Tsjeard, Jelmer, Hans en Gosse

SDS JO15-1 krekt ûnderút tsjin sc Bolsward

SDS JO1501 ferlear sneon mei 3-2 fan sc Bolsward JO15-2. De foto’s fan Henk Bootsma wienen der net minder om. De rest kinne je sjen op syn Facebookside.

Jelmer Brouwer yn aksje

Jens Hiemstra rommet op.

Mini league

Wij stelle jim foar oan ús jongste fuotballers

Steand: Desley-Jay Koster, Tymen Bults, Steffen Schram
Sittend: Finn Wagenaar, Martijn Smit, Melle Terpstra, Tjerk vd Pol

Hands!?


Soms is hands wol dúdlik. Of is it miskien oansketten.  Wat fûn skiedsrjochter Hâns Bootsma hjir fan?

Doelpunten

Dit wykein 4 senioren wedstriden fan SDS en der binne 9 doelpunten makke en ien doelpunt kado krigen troch in e.d. Wa’t de doelpuntenmakkers binne oant no ta kinne jim hjir sjen.

Oefenje

Sneon 20 oktober hat SDS 2 in ynhelsneon lykas SDS 3 en 4. SDS 2 sil dan út te oefenjen by ONT 2, SDS 3 en 4 binne frij.

Nije oankeap

SDS 4 stiet boppe-oan en wol dêr stean bliuwe. Ferline wike hawwe sy sels noch in knappe oankeap dien. Bram Strubbe heaket wer oan by SDS 4 en koe sneon lyk al meidwaan.

Harsens derby (2057)

Panenka 2.0……..