Gosse Smeding is ferstoarn

Weppers moandei 8-10-2018
8 oktober 2018
Weppers woansdei 10-10-2018
10 oktober 2018

Op sneon 29 septimber is Gosse Smeding ferstoarn op Gran Canaria. Gosse is in âld-Eastereiner dy ’t yn de jierren 70 ferhúze nei Sint Jânsgea. Hy bleaun syn hiele libben SDS-supporter en kaam geregeld by SDS 1 te sjen. Ofrûne sneon soe hy in thúswedstriid hân hawwe doe ’t SDS 1 fuotbalje moast yn Sint-Jut tsjin DWP. Dit waard him spitich genôch net mear.

Bij thúswedstriden siet Gosse meast mei frou (en soan) op de ‘Oebele de Boer bank’, links bij de yngong.

By de ôfslútende barbecue nei it ôfrûne seizoen wie Gosse der ek mei syn frou Agnes. Floris Hiemstra sette se doe noch efkes yn it sintsje.

Wy winskje de neisten in hiel protte sterkte ta mei dit ferlies!
Wy sille him misse!

Tiid ta kondolearjen is der op tiisdei 9 oktober fan 19:00 – 19:30 yn “Yardenhuis Heerenveen”, Schans 11b yn it Hearrefean.