Weppers moandei 8-1-2024

Programma SDS-nijjierssit 2024 en jou dy noch gau op!
5 januari 2024
Weppers freed 12-1-2024
12 januari 2024

Klaverjassen

20 kaarters gienen der sneon los mei it klaverjassen op de SDS-nijjierssit. De earste priis wie foar Pyt Postma. Hy hie krekt 3 puntsjes mear as nûmer 2, Dirk Stegenga. Jelmer Posthumus waard 3e. Meinte Wesselius gie der mei de poedelpriis fan troch.

Fuotballers

17 fuotballers wienen der sneon te baljen mei de SDS-nijjierssit. It waard in 4stjin4-toernoai wêr ’t Feyenoord der mei de earste priis fan troch gie. Ronny Wagenaar, Johan Hiemstra, Douwe Posthuma en Kevin den Haan mochten in meter bier ferdiele.

Sponserjûn

Foarsitter Helga Develing makke bekend dat der op freed 22 maart in sponserjûn hâlden wurde sil by SDS. Behingkening, ADO-supporter en earder eigner fan Swansea City John van Zweden sil in praatsje hâlde.

Kompetysje

SDS 2 mei kommende sneon al wer los foar de kompetysje. Sy meie nei Grou om yn te heljen tsjin GAVC 2.

Oefenje

SDS 1 sil kommende sneon thús oefenje tsjin sneonsfjirdeklasser vv Sleat 1.

Gjin OFK

SDS hat it OFK ôfsein… SDS 1 stiet ûnderoan en hat gjin spilers beskikber moarn om te sealbaljen. Sy gean fol foar liifsbehâld yn de 3e-Klasse en dêr past it OFK no efkes net yn. It slagge net om 8 spilers byelkoar te krijen út oare teams om dochs sealbalje te kinnen.

Harsens derby (2218)

Ho!

Letter miskien wol mear!