Weppers moandei 5-9

Ut- en ferslaggen sneon 3-9
4 september 2016
Weppers tiisdei
5 september 2016

Út de loft, yn de loft!
Moarn giet ús âlde SDS-side út de loft en de nije de loft yn. Dat betsjut al dat der efkes gjin SDS-side yn de loft is om ien en oar oer te setten. Hooplik hawwe jim der net al tefolle lêst fan.

 

Mark Postma nije trainer SDS Vr.1
Mark Postma is de nije trainer fan SDS VR.1. Hy sil de froulju yn elts gefal ien kear Mark Postmayn de wike traine en sneons begeliede. De oare kear trainen yn de wike sil oppakt wurde troch inkelde fuotballers út de A-seleksje fan de manlju.

 

 

 

Kramp

 SDS 2 spile sneon in drege pot tsjin VVI 2. Dat wie nei de wedstryd wol te merken oan Hendrik Engbrenghof. Hy moast eins nei it húske, mar koe de drompel net oerkomme y.f.m. kramp.

 

 

 

 

Topfysio

In nijsgjirrich artikel ôfrûne sneon yn it Frysk Deiblêd oer Anne-Harm Nauta en Topfysio. Klik hjir om it te lêzen.

 

De bank

At je bij SDS it sportpark opkomme stiet fuort oan de lofterhân in bank. De Oebele de Boer bank. Bij SDS 1 sit de famylje Smeding út Sint Jânsgea dêr altiten. Sneon wiene sij bij Oudehaske 1 – SDS 1 en fuort oan it fjild oan de lofterkant stiet dêr ek in bank. Ik hoech jim net te fertellen wa’t dêr opsieten. Foar harren hast in thúswedstriid mar dêr woene se neat fan witte….

Erik
Krekt foar tiid waard Erik Haitsma efkes flink rekke troch in Oudehaske spiler. Hij kreunde en steunde en mem Hilda seach al in doemsenarios opdûken. “Dat ferrekte fuotbal ek, ik ha leaver dat er keatst”. “Ach wat” seine de oaren bij har yn de buert. “Let mar op, hij rint aansens wer as in ljip…..” En sa gie it dus ek. Hij gie stean, krukte noch wat, krijt de bal, begjint oan in moaie rinaksje en sjit hurd op it doel. De doelman kin noch krekt de bal ta korner ferwurkje en doe wie de wedstriid dien.

Voetbal Nederland
Voetbalnederland is in prachtige site foar it amateurfuotbal. Bij it sneupen ûntdekten wij ek in aardich item: De topskoarder per provinsje en …per gemeente. Dy sjocht er nei ien ronde sa út

Heerenveen-MVV
Ferline jier spilen sc Heerenveen en MVV in oefenwedstryd tsjinelkoar yn Easterein. Dit stiet der oer yn it jierboek fan sc Heerenveen: