Ut- en ferslaggen sneon 3-9

Seleksjes sneon 3-9
4 september 2016
Weppers moandei 5-9
4 september 2016
Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

       
09:00 SDS JO15-2 Arum/Tzum JO15-1  3-6
09:00 SDS JO11-2 Mulier JO11-1  
09:00 SDS JO11-3 Oosterlittens JO11-3  11-0
10:10 SDS JO9-2 ONS JO9-2  
10:10 SDS MO15-2 Tolleb/Nagele MO15-1  1-8
10:30 SDS JO13-2 SC Bolsward JO13-4  0-8
12:15 SDS VR1 AVC VR 1  3-2
14:30 SDS 2 VvI 2                           0-2
14:30 SDS 4 Zeerobben 4  0-8
09:00 IJVC JO11-3 SDS JO11-4  12-0
09:00 Mulier JO9-1 SDS JO9-1  2-8
09:00 Stormvogels JO9-2 SDS JO9-3  1-12
10:00 Warga/WWS JO13-1 SDS JO13-3  11-0
10:15 Oosterlittens JO11-1 SDS JO11-1  7-5
10:30 ONS JO15-2 SDS JO15-1  3-3
11:00 Irnsum JO13-1 SDS JO13-1  
11:15 Dronrijp/Foarut MO13-2 SDS MO13-1  
12:00 Nicator JO17-1 SDS JO17-1  
12:15 AVC MO15-1 SDS MO15-1  2-3
12:30 IJVC/Blauwh. JO15-2 SDS JO15-3  8-0
14:30 Oudehaske 1 SDS 1  1-1
15:00 Blauwit 34 JO19-1 SDS/Scharneg. JO19-1  4-0

Wedstrijdverslag SDS MO15-2 – Tollebeek/Nagele MO15-1:

De meiden van MO15-2 mochten zaterdag weer het veld in voor de eerste wedstrijd van het seizoen. De meiden van Tollebeek/Nagele MO15-1 kwamen naar Easterein voor een bekerwedstrijd. Onze meiden schrokken een beetje van de tegenstanders en stonden na 10 minuten al met 4-0 achter. Maar toen ging de knop om en werd er goed tegenstand geboden. Onder andere door fantastisch keeperswerk van Emma, werd er in de eerste helft niet meer gescoord door Tollebeek/Nagele en werden er door SDS kansen gecreëerd.
SDS ging de tweede helft voortvarend van start en dat resulteerde meteen in een goal door Renske: 1-4. De wedstrijd ging daarna gelijk op met kansen over en weer. Maar tegen het eind van de wedstrijd bleek dat het leeftijdsverschil (de gemiddelde leeftijd van SDS MO15-2 is nog geen 13 en de gemiddelde leeftijd bij Tollebeek was 14,5)  en daardoor ook het krachtsverschil te groot werd. Tollebeek/Nagele deed in de laatste tien minuten hetzelfde als in de eerste tien minuten van de wedstrijd (4 keer scoren), waardoor de eindstand uiteindelijk 1-8 werd.
Ondanks de nederlaag kwamen de meiden met een positief gevoel het veld af en dat is toch het belangrijkste. Ze hebben nu al weer zin in de volgende wedstrijd!

Groet, 
Aukje Schellens
(regelmiep SDS MO15-2)

Oudehaske 1 – SDS 1
Moai fytswaar, dus op nei Aldehaske en ûnder de titel “mei eigen eagen” in ferslachje en wat foto’s:

It positive gefoel fan de lêste kompetysjewedstriden fan SDS fan ferline jier, set dit seizoen gelyk troch. Yn de beker al moaie prestaasjes delsetten, mar sa’n earste kompetysjewedstriid is krekt efkes oars.
Oudehaske wie ferline jier de tsjinstanner wêrbij SDS sich feilich spile en wêrbij sij yn de neikompetysje kamen.”Der gelyk bopppe op” rôp de Oudehaske trainer bij it begjin mar de “stoarm” fan Oudehaske duorre net lang. Want de routine fan Feite en Jacob Klaas yn it sintrum fan de ferdigening  , wist wol rie mei soks. SDS besocht de kombinaasje te sykjen en dat gie alderaardichst betiden. 

Kânsen wiene der ek, hiele grutte sels mar in teanlingte te koart en in prima reaksje fan de doelman fan Oudehaske op in kopbal nei in frije traap fan Teun (sjoch foto) leveren gjin doelpunt op foar SDS. Ek Oudehaske hie wol wat kânskes. De rêststân 0-0 wie foar SDS wat te min.
Nei it skoft gie Ewout nei it middenfild en kaam Gerwin der yn as rjochtsback as ferfanger fan Pieter Sytsma.
It waard in enervearjende twadde helte mei doelpunten , irritaasjes en in soad kaarten oan de kant fan Oudehaske.
Oudehaske kaam op foarsprong. Gerwin hie efkes tiid nedich om yn syn ritme te kommen en yn it tempo fan de wedstriid en dat hie gefolgen. Oudehaske krige terjochte in strafskop  en ynienen rûn SDS efter de feiten oan. Mar net lang. Want it wie Ewout de Boer, ek wer werom yn it earste, dy’t suver yn de hoeke skeat.
Alle beslissingen fan de skiedrjochter waarden wol hiel faak en oerdreaun beseurd troch de Oudehaskespilers. Spannend wie it en hoe langer it duorre hoe grutter de kânsen foar SDS. 

Meardere frije trapen op sjitôfstân fan it doel leveren krekt gjin doelpunt op.
Lourens kaam der noch yn foar Dirk Yde en hie der bij SDS in oare doelman mei west dan hie ek Jaap ferfongen west. Hij rûn in blessure op en wie noch krekt fit genôch om in pear baltsjes tsjin te hâlden. 
Yn de dealike lêste minút fan de blessuretiid krige SDS noch in libbensgrutte kâns mar de doelman kearde de prima ynset fan Erik.
De hoekskop waard net iens mear nommen. 
1-1 liket aardich mar dochs bekrûpt mij it gefoel dat it krekt wat te min wie..
Al mei al hiene de supporters in posityf gefoel oer dit optreden fan SDS 1, dat noch aardich wat spilers mist troch blessures en skoarsing. 
Opstelling SDS: 
Jaap
Ewout, Feite, Jacob Klaas, Elger
Pieter, Tsjipke, Erik, Teun
Jelmer, Dirk Yde
Ynfallers: Gerwin en Lourens
Der wiene tal fan SDS supporters en fansels moai dat de twa B’s der ek wer wiene: Harm en Enno. 
Aant

SDS VR1 – AVC VR1
De Froulju fan SDS wolle harren dit jier goed presinteare, fan harren heare litte. Der is al wer in moai ferslach makke en wa’t dat skreaun hat dat sizze wij lekker net:

Een mooie 3-2 oerwinning hjoed op AVC. SDS begûn fel oan de wedstryd, in de earste minuten al een mooie pass van Akke Rixt op Sieta die maar krekt mist. Der wurdt fel voetbalt en beide ploegen krije kansen.  In de 12e minuut is it Amarins die de bal oan tsjitske meijaan kin wertroch de 1-0 op it skoreboerd komt. 
SDS begjint hjirtroch noch better te voetballen, de verdediging stjit goed op syn plak en der hat AVC moeite mei. In de 18e minuut krijt tsjitske een mooie kans, helaas beland deze op de peal maar gelukkig wit alissa in de rebound de bal in it goal te sjitten. 
In de 26e minuut sjuche we een herhaling van de eerste goal, it is wer amarins die de bal oan tsjitske meijaan kin wertroch it 3-0 wurd. AVC krijt ek kansen maar Alize keept een goede wedstryd,   se misse een vrije kans  en zelfs de penalty dy se krije troch een handsbal in de 16 wurd oersjitten. Nei de rust gjit it spul wat op en del en binne beide ploegen wol gelijk oan elkoar. It lyket wol of hat AVC in de rust een donderpreek krygen want de dames binne iniens folle feller en in de 56e minuut wurdt toch de 3-1 scoart. SDS mat feller voetballe maar dat slachet net, de oanfallen blijve wat ut. In de 76e minuut scoort AVC de 3-2. Fanôf dat moment is it foar SDS alles tichtsette en kansen proberen te foarkommen. Oanfalle lukt hast net meer en AVC komt steeds better in de wedstryd. It eindsignaal is dan ek heel welkom! Wa wit wat der gebeurt wie as de wedstryd nog 5 minuten langer doarre hy…. 
?X?X?-?X?X

ONS JO15-2 – SDS JO15-1    :   3 – 3  
Hjoed dan einliks foar it eggie yn de 1e klasse. Gjin idee hoe we der foar stiene, mar it fertrouen wie grut nei de 5 – 1 winst op Blauw Wyt fan ofrune tongersdei. En dan gelyk tsjin it grutte ONS ut it grutte Snits. Alles like wol grut. Ek de sintrale man fan ONS wie grut en hy wie de earste helte oeral. Sintraal efterien, sintraal op it middenfjild en sintraal foaryn. Hjirtroch lieten wy us de earste helte ferasse en krygen derom gjin grip op de tsjinstander. It wie wachtsjen op de 1 – 0 en die foel ek al fry snel. Op dat momint ferstjinne, mar we lieten de kop net hingje. Dochs wie it ONS die makkeliker en better fuotballe en se krygen ek in pear beste kansen, mar Jeffrey koe in gruttere efterstan foarkomme. De twadde helte, nei wat omsettingen, kamen we better yn de wedstriid. Anco makke ut in frije trap prachtig de lykmakker. We krye de geest en ha de kans om troch te drukken.  Dit slagget krekt net en it is alwer ONS die healwei de twadde helte de foarsprong pakt, 2 – 1. De mannen bliuwe der yn leauwen en der wurd fochten foar eltse meter. Uteinlik makket Stan, ut it skrimmage foar de goal, de lykmakker. It wurd 10 minuten foar tiid sels 2 – 3, nei in prachtige individuele aksje fan Stan. Jammergenoch koene we dit net festhalde en krekt foar tiid makket ONS de 3 – 3. Sjoen de ferhaldingen oer de hiele westriid in terjochte utslach. Betiiden wiene de jongens ut Snits ek krekt wat slimmer yn bepaalde saken, sa as it meitsjen fan lytse oertredings, dit moatte wy noch leare. Fansels wie de teloarstelling grut yn de klaaikeamer, want we wiene hiel ticht by de winst. 
Theo.

SDS JO11-3

Sij winne de derbij fan Oosterlittens

The Boys JO9-1 wint streekderby van Mulier!

Met 4 trainingen in de benen was het dan ver hun eerste bekerwedstrijd tegen Mulier in Witmarsum op het kunstgras. De wedstrijd begon zoekende want het was ook ff wennen aan elkaar. Opeens zag je inzet en het overspelen komen en komen verdient op 0-1 door Wybren. De 1-1 viel omdat de bal achterin door het midden werd gespeeld Herman was kansloos daarop! Maar de druk werd opgevoerd en de coach moest ff flink de boys aansporen en jahoor 1-2 en 1-3 door Daniël vooral die laatste goal uit een corner op advies van mij zocht Daniël de ruimte en Wybren hem inspeelde top! Ruststand 1-3. 2e helft Namen ze de advies van de coach op hun door en liepen ze uit op 1- 8 door goals van 2x Henk Jan , 1x wybren en 2x Daniël de 2-8 die werd gemaakt nog door Mulier Namen we voor lief. Top prestatie van het hele team!!! Want ook achterin met Geert jan en Sven jitse ging het goed en Wytse op het middenveld goed drukt zette met Sybrand en voorin Evan slim speelde! Laterzzzzzz.�� 
supporters bedankt voor jullie komst en aanmoedigingen.
Dennis