Befrijdingsweppers

Weppers moandei 4-5
3 mei 2015
SDS-feiling op 30 maaie!
7 mei 2015

Programma
Kommende sneon in l
yts programma. It binne foaral de froulju dy’t los moatte. En fansels SDS 1 dat tsjin Bant in wichtich potsje fuotbalje moat.

Skorst
Ôfrûne sneon hie SDS 1 trije skorste spilers en kommende sneon………….wer trije. Erik krige ôfrûne sneon read en Elger en Jelmer harren 4e giele kaart fan it seizoen….

Twitter
It is miskien wol goed, foar de net twitteraars soms wol efkes op de twitter fan SDS te sjen. Soms komme dêr de snelle berjochten te stean en dizze wike miskien wol mear as oars. Sjoch
hjir .
Fryske  
Of klik op dit logo wat op de foarside stiet,


Keatsdagen
De kommende dagen wurdt der folop keatst op de fjilden yn Easterein. De jierlijkse keatsdagen geane moarn fan start. De kantine is tongersdeitejûn dan ek net iepen.

Standen
Mei noch in inkele wedstriid te gean, binne de tuskenstanden
sa en soene der best noch wol kampioenen tusken sitte kinne.

Tuskenstân Sealfuotbal

It falt net in bytsje op dat de Snitser ploegen domineare, dat Boalserter ploegen de middenmoat foarmje en dat de rest (op RES 4 nei) net út in stêd komme.

Van Gaal
In
moaie kollum oer it lijen fan van Gaal yn Ingelân.

Ut in âlde Treffer

Yn de jieren 70-80 fan de foarige ieu organisearre SDS yn gearwurking mei de tennisklup jierliks in bazar. Dat sommigen in karriere as darter misrûn binne, liket ús dúdlik.

Harsens derby (1495)
De froulju fan SDS moatte dize wike mar efkes goed op korners oefenje: