Weppers tiisdei 5-11

Weppers moandei 4-11
3 november 2013
Weppers woansdei 6-11
5 november 2013

Traine?
Wy hawwe berjocht krigen, der kin net traind wurde op tiisdei (it bestjoer)

Perioadekampioen
It koe ek hast net mear misse dat ôfrûne sneon De Wâlde 1 de 1e Perioade pakte. Hiel netsjes foar de lytse klup dy ’t foarich seizoen noch yn de 4e-Klasse fuotballe.

Foto’s SDS 1 – SC Stiens 1
Henk Bootsma makke ôfrûne sneon wer moaie plaatsjes by SDS 1 – SC Stiens 1. Jim kinne se
hjir besjen.


Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Woansdeitejûn hoefe de sealfuotballers fan SDS 1 net yn de seal te fuotbaljen. Dat betekent dat de seal yn Easterein frij is. Mocht der in team fan SDS woansdeitejûn fanôf 20.30 in oerke sealfuotballe wolle dan kin der maild wurde nei
info@vv-sds.nl.

Lytse poppe
Justernacht hawwe Dirk de Jong en syn frou Jorine in famke krigen; Demi Marin. Fan herte lokwinske!
T is safier, ofrune nacht om 1:36 oere is us dochter Demi Marin geboaren. #Trots op mien twa frouwen ;)

Bedriuwenfollybal
Op freed 22 novimber is der wer it jierlijkse bedriuwfollybaltoernoai yn de sporthal yn Easterein. Mochten der sneon 23 novimber SDS ‘er wat stiif yn it fjild stean dan hawwe sy heechstwierskynlik meidien.

Harsens derby(1149)
Ynderdaad!