Weppers moandei 4-11-2019

Sneon 2-11-2019
1 november 2019
Lourens van der Pol op wei nei syn earste stjêr!
5 november 2019

De Bunnikside

Per ûngelok is der in stikje net yn de nijste Treffer kommen. Gelokkich kinne jim it dochs noch lêze op Aant syn eigen webside. Sjoch hjir.

André

Moai om te sjen dat André Vink ôfrûne sneon wer efkes op it sportpark wie. Ein ferline jier rekke hy slim siik en moast hy fier weikomme. Hy liet sneon witte dat hy noch altiten herstellende is, mar dat de dokter goeie útslaggen foar him hie en dat hy op de goeie wei is.

Fluitsje

Wy binne der tige wiis mei dat Jurjen Eringa oanjûn hat wolris in wedstriidsje fluitsje te wollen. Oankommende sneon sil hy syn debút meitsje.

Klokhuis

Troch in blessure hawwe wy Habtamu de Hoop dit seizoen noch net folle yn aksje sjen kinnen yn it sjurt fan SDS. Dan jûn om 18.40 oere mar foar it Klokhuis op NPO 3. Dit is it ûnderwerp (sjoch hjir).

SDS-League

Moarntejûn rûn in oer as 18.58 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2176)

Dy mei net wer in penalty nimme……….