Weppers moandei 4-1-2020

Nijjiersbaljen foar de jeugd!
2 januari 2021
Gjin OFK…….
9 januari 2021

Gjin OFK……….

Normaal sprutsen hienen wy dizze wike de foarrondes hân fan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal (OFK) yn de Trije yn Frjentsjer. Ek dit giet net troch……… Dan dizze wike mar wat âlde foto’s.

SDS wint yn 2016 yn de 1/8e finales fan Oeverzwaluwen nei penaltys. Lieder Willem Overal siet der net in tel oer yn.

Rondje voor je club

Tige by tige elkenien dy ’t in rûntsje foar de klup joen hat!
Wy sille efkes sjen wat foar part der nei vv Nijland giet en wat der dan oerbliuwt.
Sa is der in moai begjin om mei de tiid de Skoalleseize te stypjen.

Prizen earste helte SDS-League

It prizenjild fan de earste helte fan de SDS-League wurdt dizze wike oermakke lykas dat it dielnamejild ind wurdt.

Nije SDS-League

De transferperioade rint oant 1 febrewaris. It doel is dan om 12 febrewaris wer te begjinnen mei de SDS-League.

Spesjaal bierke!

Messi hat yn syn fuotbalkarriëre no 644 doelpunten makke. Dat is ien mear as Pelé. It biermerk Budweiser betocht dêrop fleskes bier te nûmerjen fan 1 oant 644 en dy by de keepers te bringen dy ’t in doelpunt fan him om de earen krigen hawwe. Sa krige Diego Alves (Almeria, Valencia) hast in kratsje fol (21 stiks), Casillas 17 en Buffon 2 fleskes.
No wienen wy wol benijd fan wa ’t keeper Jaap Toering de measte fleskes krije soe en welke keeper soe Hendrik de Jong de measte fleskes stjoere moatte?

*Jaap mei de measte fleskes nei Anton Holtrop stjoere fan DWP. Hy skoorde 13 kear tsjin SDS en wy geane der fanút dat Jaap alle keren op goal stie.

Anton Holtrop yn 2015 doe ’t hy syn 100e goal makke foar DWP. Tafallich wie dat tsjin SDS………

*Hendrik krijt de measte fleskes fan de keeper fan It Fean’58. Hy skoorde der mar leafst 9 kear tsjin. Wy binne der net wis fan dat dit alle keren deselde keeper wie………… Oars is it de keeper fan Willemsoord. Hjir skoorde Hendrik 7 kear tsjin.

De keeper fan Willemsoord

Harsens derby (2280)

Dat wie it wykein ek wat yn ‘De Drei’ yn Dútslan………. Dêr tocht efkes ien rêstich te scheissen…….. Der foel ien mei de doar yn it húske…….