Weppers snein 30-1-2022

SDS 1 – QVC 1 yn byld
30 januari 2022
Weppers moandei 31-1-2022
31 januari 2022

Programma SDS 1

De KNVB hat yn al har koroanawiisheid besletten om it programma fan de ploegen yn de A-kategory hielendal opnij fêst te stellen.
Fanôf 12 febrewaris is der gjin frije sneon mear (!). Dat duorret oant 4 juny ta.
Der moat sels ien kear troch de wike balle wurde (tiisdei 10 -5-2022)

Sjoch hjir it programma fan SDS 1

Moaiste dei

Korona-restriksjes, hurde wyn, ballen yn de feart… Sneon is wer de moaiste dei fan de wike!

Wiis mei

Op in sneontemiddei sa as juster falt wer ris op hoefolle minsken by SDS wol net frijwillich dwaande binne om te soargjen dat elkenien fuotbalje kin. Sa seagen wy Klaas de Haan dwaande mei de materialen, Klaas Overal en Enne Jehannes Bruinsma flagjen, jonge SDS’ers de bal út de feart fiskjen, barfrijwilligers bardraaien en soargjen foar té yn de rêst, Bauke de Boer QR-koades skannen, Willem Twijnstra en Lolke Bouma it fjild oprêden, Harm Dijkstra SDS 5 oanfiterjen, Sipke Hiemstra SDS 4 fluitsjen ensfh.
Wy hawwe fan jim genoaten!

Freonen fan SDS

Murk Viersma út Wommels is ek Freon fan SDS wurden en stiet no ek op it Freoneboerd yn de kantine.

Fuotbalje op sneon of snein?

Op dit kaartsje is te sjen hoe’t it sit mei it sneon en sneinsfuotbal yn Nederlân.

Harsens derby (2344)

Somtiden haw je sa ’n sneon dat de bal der hast net yn wol…….