Weppers moandei 3-10

It ljocht op sneon 1-10
30 september 2016
Weppers tiisdei 4-10
4 oktober 2016

3 thúswedstriden

SDS 1 wûn sneon knap mei 4-0 by Oeverzwaluwen. En dat mei 3 thúswedstriden yn it foarútsjoch:
Woansdei 3 oktober: SDS 1 – sc Heerenveen JO-19 19.00 oere
Sneon 8 oktober: SDS 1 – QVC 1 15.00 oere
Sneon 15 oktober: SDS 1 – Bant 1 14.30 oere

Iepening nij sportkompleks

Fansels ferwachtsje wy jim woansdei allegear by de iepening fan it nije sportkompleks. It kompleks giet 18.15 oere iepen en de offisjele iepening is om 18.45 oere. Kom allegear!

poster-sds-jong-heerenveen

Gjin trainen

Y.f.m. de wedstryd fan woansdei hat SDS 1 tiisdei gjin trainen.

Woansdei (hast) gjin trainen

Y.f.m. mei de offisjele iepening fan it keunstgersfjild kommende woansdei  kin der dan nei 17.00 oere net mear traind wurde kin op it keunstgers. De boksen kinne de hiele dei, dus ek middeis by de ‘F’kes’, net brûkt wurde.

Út- en ferslagen

Sjoch foar alle útslagen by ‘de wedstriden’ boppe-oan dizze webside en klik op 0-0.
Sjoch foar de ferslagen by de weppers by ‘it ljocht op sneon’.

Nije ballenkastennijeballenkasten

Wy hawwe prachtige nije ballenkasten! Ôfrûne freed binne hjir lju drok mei dwaande west om dit foarelkoar te krijen. Op de ballenkasten sitte siferslotten. De nije koades kinne opfrege wurde by Robert Schildkamp en Klaas de Haan.

Kursus jeugdtrainerkursusjeugdtrainer2016

Vrijdagavond hebben we onder leiding van Jan Medema uit Appingedam de eerste avond gehad van de cursus jeugdvoetballer Trainer-coach. In totaal 20 trainers en coaches trapten af voor een serie van 4 avonden. Na een praktijkgedeelte van een uur gingen we nog anderhalf uur de kantine in voor de theorie.
Robert Schildkamp

 

De Langeleegte

De froulju fan SDS MO15-1 mochten sneon fuotbalje yn ien fan meast ikoanyske stadions fan Nederlân; de Langeleegte yn Veendam. Spitich genôch ferlearen sy mei 7-1 fan de famkes fan Veendam 1894, mar dit ferjitte de famkes nea wer. 

Bûten

SDS Vr.1 mocht sneon fuotbalje yn Jiskenhúzen tsjin de froulju fan VVI Vr.1. Alle boksen sieten fol, dus Mark mocht syn praatsje yn de bûtenloft hâlde.

SDS-supporters

Geert en Gatske Hiemstra binne eltse sneon op paad om by SDS te sjen. Fansels by de pake- en beppesizzers en ek altiten by it flaggenskip. Sa wienen sy sneontemoarn by Marrit te sjen yn Veendam by MO15-1 en middeis by SDS 1 yn Koudum.

Peppi & Kokki (87)

‘De jongens yn myn team fine dy noch jong, heit’
‘Dat is moai! En mem dan?’
‘Dy fine se normaal’

Harsens derby (1767)

Knap keept!