Weppers moandei 29-5

Sneon 27-5-2017
27 mei 2017
Jou je op foar de SDS-slotdei op sneon 3 juny!
29 mei 2017

SDS 4 op stap


SDS 4 is der freedtejûn efkes op út west yn de grutte stêd. Bowle yn de Grutte Keizer en dêr de binnenstêd ûnfeilich meitsje. Tuskentroch wie noch tiid om efkes de Nachtwacht te meitsjen. Wij hope dat se allegear wer goed thús kommen binne (oars is der fansels altyd wol sliepplak yn de stêd). Sneon ferlearen de mannen fan Makkum 4. Der sil wol gjin ferbân wêze tusken it útsje en it ferlies.

SDS-League

It prizenjild foar de winners fan de prizen yn de SDS-League is dit wykein oermakke. Genietsje der fan!

Foar 15 juny oanmelde!

Lju dy ’t graach by SDS fuotbalje wolle, mar no noch by in oare klup fuotbalje moatte harren foar 15 juny oanmelde by SDS om folgend seizoen fuotbalje te kinnen. Je kinne je oanmelde troch hjir te klikken en it formulier yn te fullen of ûnderoan de webside op oan-ôfmelde te klikken.

Slotdei C’s

Op de slotdei kommende sneon foar de senioaren, froulju, A’s, B’s, sealfuotballers en de Efkes Ballers organisere wy ek in apart mikstoernoai foar de C’s en MC’s (JO15 en MO15).
Dit toernoai begjint op sneon 3 juny om in oer as 13.00 oere. Hjirnei kinne de jonkjes en famkes genietsje fan in broadsje hamburger!
Graach opjaan fia de lieders!

SDS JO 9-1

Sij kinne der mar net genôch fan krije. Nei it kampioenskip geane se no foar de lukrative toernooien. Sneon yn Boalsert gong it wer best.
It ferslach:

Ik had in februari onze Boys opgegeven voor het Noordelinge toernooi in Bolsward als een mooie afsluiter van het seizoen.  Maar dan is het 27 mei en zeer tropisch en nog extra warm omdat wij op het harde kunstgrasveld van Sc Bolsward moesten spelen. Het wedstrijd programma kregen we op de speeldag zelf te horen in verband met misschien wijzigingen. CVVO had zich vrijdag nog afgemeld.

De wedstrijden en uitslagen van ons.

Wedstrijden                                        Uitslag

Franeker JO9-2 – SDS JO9-1        0 – 0   Veel kansen gemist

SDS JO9-1 – ONS JO9-2                 5 – 0  2x Wiebren , 1x Henk Jan , Sibrand en Herman (penalty)

Sc Bolsward JO9-4 SDS JO9-1      0 – 1  1x Tjalling

SDS JO9-1 – SWZ JO9-3                 0 – 0  Tegen een 1e klasser en we waren beter en een belangrijke redding van Herman!

Balk JO9-3 – SDS JO9-1                  0 – 4  2x Tygo en 1x Henk Jan en eigen goal

SDS JO9-1 ONS JO9-1                     1 – 0  1x Daniel mooie vrije trap

Kortom met 2x gelijke en 4 gewonnen wedstrijden hebben de Boys het goed georganiseerde Noordelinge toernooi in Bolsward gewonnen.

 Dennis

It nije pupillen fuotbal

Yn 2017-2018 wurdt in begjin makke mei feroarings yn it pupillenfuotbal. Jim kinne der hjir alles oer lêze. Wichtige feroaringen binne:

  • 7 tsjin 7 wurdt 6 tsjin 6
  • it jildt foar ûnder 8 en ûnder 9  (O8 en O9)
  • it fjild wurdt 42,5 meter bij 30 meter
  • per helte ien kear in time out
  • yngoai wurdt yndribbelje of passe
  • frije bal wie sjitte of passe wurdt dribbelje, sjitte of passe
  • skiedsrjochter wurdt spulbegelieder. Stiet bûten it fjild
  • fan te foaren handsje skodzje en nei de tiid “high five”
  • Standen of klasseminten wurde net toant troch KNVB.

Harsens derby (1895)

Lit him mar sjitte, want dêr wei kin hy der dochs nea yn………..