Sneon 27-5-2017

Weppers freed 26-5-2017
26 mei 2017
Weppers moandei 29-5
29 mei 2017

Sneon 27-5-2017 …….

De dei dat SDS JO9-1

it Noorderlinge-fuotbaltoernoai yn Boalsert wûn hat!

foto van Dennis Vinke.

De dei dat …..

WPB en NOK tredde klasser bleaun binne en Makkum gjin tredde klasser wurdt.

De dei dat SDS 4

thús om 14.30 fuotballet tsjin Makkum 4 en dêrmei it seizoen ôfslút. Einstân 1-2 foar Makkum. De winnende goal fan Makkum waard makke troch………. Jelte Hitzert.

De dei dat SDS VR 1

noch ien flamme wol en noch meardere kearen skoare wol út tsjin WTTC/Udiros. Einstân 6-1 foar de oaren.

De dei dat SDS 3

de barbekjoe wer ynset om it seizoen ôf te sluten en de prizen wer útrikt oan de meast weardefolle keeper, de beste oanfierder, de strakste flagger en de trouste besiker fan de training.

De dei dat Habtamu

2 kear skoort foar ONS JO19-1 yn de neikompetysjewedstryd tsjin SWZ JO19-1 en mei 6-0 wint. Nije wike sneon moatte sy wer tsjinelkoar foar in plakje yn de finale fan de neikompetysje.

De dei foardat………..

AS Roma ôfskie nimt fan harren klupikoan Francesco Totti;

De dei neidat de Efkes Ballers

wer aktyf wiene en jong âld sloopte.
Der wie in grutte tarin justerjûn bij it Efkes Baljen (18).
Wat leafhawwers ûnder de jeugd, dy’t graach meidogge at harren kompetysje stilleit, hiene der sin oan en it like de wedstriidlieding net ferkeard der in âld tsjin jong fan te meitsjen.
Frank en Folkert Rients wiene de âldsten bij de jongsten en Aant en Wouter wiene de âldsten bij de âldsten.
At kounterjen noch net útfûn west hie, dan hie dat justerjûn plakfûn.
De feardich kombinearjende jeugd (it wie in lust om te sjen) tikken de âldsjes gelyk al skeel, mar stiene wol nei trije minuten efter (Korbach senior)
It waard sels 0-2 nei al wer in kounter (dêr Dennis)en úteinlik kaam klokslach 20.30 as in befrijding mei in 4-2 stân foar âld.
Doe hie it dien wêze moatten.
Ophâlde fanwege de waarmte.
Mar nee, de rigel skriuwt foar dat er dan noch sa nedich om twa winnende doelpunten fuotballe wurde moat. Jong hie der efkes oer nei tocht yn it drinkskoft en liet âld wat mear komme om sa út te fallen. Dat slagge goed en de 1-0 foarsprong wie it gefolch. Mar Friso Albada sette alles wat er hie yn in alderaardichst treau- en bealchduel en soarge der foar dat de bal foar it doel klear lei om yn te sjitten. En doe gie it om it lêste doelpunt. Ald hie 4 fjouwer man foar stean, omdat se net werom komme koene fanwege krupsjes en omdat se hoopten dat dy mei harren lêste krêftsynspanning miskien noch in beslissend tikje of in beslissend doelpunt meitsje koene.
Op it middenfjild bij âld rûnen se allegear mei de tonge op it lear fan de skoech….
En efteryn stie de blaue sône. Fan alle hoeken en hennen waarden de ferdigeners ûnder fjoer nommen at se bij it doel stiene en at de skotten net neist, oer of tsjin de peal of latte kamen,  dan wie der altyd in poot of in liif fan âld dat yn de wei stie.
Bij sommigen fan âld wie gjin plak mear op it liif dat net blau of skeind wie.
De klok sloech 21.00 en noch wie it net dien.
21.10 waard yn grutte blydskip it lêste doelpunt bejuichd: troch jong omdat se wûn hiene en troch âld omdat oan de lijenswei in ein kommen wie.
Der wie in ein kommen oan in moaie striid fan hjir en dêr in  heit tsjin in soan, in striid fan jong tsjin âld mar foaral in wedstriid fan âld mei jong.
De ien nei jongsten: Remco (heit), Wouter, Friso, Menno, Johan, Harrie, Aant, Dennis, Ferrie (heit)
De ien nei âldsten: Gerbrand, Anco (soan), Sietze Marten, Douwe Jan (soan), Luka, Robin, Stan (soan), Folkert Rients (heit), Frank
Aant