Wol traine De B-junioaren hawwe jûn gewoan trainen. Boudewijn
Net traine
Y.f.m it minne waar, de skoalfekansje en it oerwurkjen fan de trainer hat de E3 jun gjin trainen. Folgende wike sille se wol wer gewoan traine.
Gr. Bauke
3 ynhelwedstriden Foar dizze wike sjogge wy 3 trochdewykse ynhelwedstriden op it programma stean. Dit binne se:
1-5-2013
19:00
SDS MC1 – Mulier MC1
1-5-2013
19:00
SDS 4 – Delfstrahuizen 4
2-5-2013
19:00
SDS 3 – NOK 2
Kampioensfeest Grutte kâns dat der snein in feessie boud wurde kin yn Amsterdam. It kin net misse mar dêr sille fêst ek wol wat SDS-ers hinne gean. De hearen de Boer, Okkema, Hoekstra en Boonstra binne al oan it tarieden. De weromreis is fansels altiten in probleemke. Wa moat der ride? Neffens ús ynformaasje wurdt der mooglik in berop dien op in fanatike PSV supporter (HAD te E) om harren op te heljen. Mei de tasizzing dat at sij kampioen wurde it oarsom wêze sil. Dat risiko doarre de Ajaxieden wol te nimmen.
Nije Treffer De Trefferredaksje is alwer drok dwaande mei de nije Treffer. Mochten jim wat hawwe dan wolle wy dat graach binnen hawwe foar 8 maaie op DeTreffer@vv-sds.nl.
Kroaningfuotbalje Moarn sille der wol in soad SDS’ers oan it keatsen wêze, yn it swimbad lizze en foar de tillevysje sitte, mar der gean ek guon te fuotbaljen. OBS De Opslach út Wommels docht mei oan it jierlijkse Geert-Engbers-skoalfuotbaltoernoai fan Littens. Dit wurdt dit jier foar de 56e kear ferspile. Dat betekent dat yn elts gefal Mark Klijnsma, Tjerk Ebbinge, Michael van der Weg, Remco Abma, Sjoerd de Boer, Stijn Schildkamp, Falco Jellema en miskien Tom Wijnia efkes fuotbalje. Ek B.B.S. Reahûs docht mei en ek hjirby sil guon SDS’er sitte.
Harsens derby(1016) Wa giet hjir no eins de mist yn?