Weppers snein 28-4

Utslaggen 27-4
26 april 2013
Weppers moandei 29-4
29 april 2013

Pupil fan de wike

Der wie juster mar ien pupil fan de wike. Dy hie it dus smoardrok. Earst moast hij allinne it doelpunt meitsje, hij moast de doelpunten telle, alle ballen út de feart helje en noch op de foto ek foardat hij oan de patat ta wie.
“Mei wa wolst op de foto”,
“Mei myn heit”,
“Ja mar dy docht hjoed net mei”
“Dan mei Jaap”
Dus Jelmer Stremler mei Jaap Toering

Doelpuntenklassemint
De lêste jierren wurdt de topskoarderslist behearst troch skutters fan de legere alvetallen. It is dan ek opmerklik dat de topskutter oant no ta bij SDS 1 spilet. Sjoch hjir foar de komplete list foar safier wij iets trochkrigen hawwe.

It tredde
In opmerklike prestaasje fan SDS 3. It hiele jier hieltyd krekt gjin oerwinning, mar in pear punten oan april ta en dan ynienen binne dêr trije oerwinningen. De reade lantearne hawwe se al oerdroegen hawwe wij begrepen. Oftewol SDS 3 giet omHeech. Heech stiet no lêst.

Top 500
Sûnder twitter kinne en wolle de measten net mear. Wij wenje je hjir yn in gebiet wêr’t Frysk twitterje in soad foarkomt. It is dan ek gjin wûnder at je sjogge nei de Top 500 fan Fryske twitteraars dat hjir tal fan minsken, dy’t op ien of oare wize belutsen binne bij SDS, opsteane.
Sjoch
de hiele list fan Sanne Rixt oant Sytze en fan Skelte oant Mattie en fan Jan oant Erwin.

Bluesblûs
It bluesblûske kin hjoed wer oan want de Drint BJ Hegen spilet hjoed mei in soad Fryske freonen yn Noflik. Om 16.00 de Bluescruise dus.

Harsens derby(1015)
Toet, toet, boing, boing!!

Letter miskien wol mear!