Weppers moandei 29-4-2019

Weppers sneon 27-4-2019
27 april 2019
Frouljustoernoai op sneon 25 maaie!
30 april 2019

SDS Vr.2 wint ek noch!

SDS Vr.2 fuotballe freed 4 wedstriden, mar ús ferslachjouwer hie mar 3 meikrigen. Tsjin NOK Vr.2 waard mei 3-1 ferlern, Bakhuizen VR.1 wûn krekt mei 0-1 en tsjin Oosterlittens waard it 2-2 gelyk, mar doe moast it moaiste noch komme. De lêste wedstriid tsjin sc Bolsward waard mei 1-0 wûn. Dêrnei bleaun it dan ek noch lang ûnrêstich yn de fiifde helte!

SDS 1 traint efter de sporthal

SDS 1 sil him ekstra tariede op de derby fan kommende sneon tsjin sc Scharnegoutum troch moarntejûn om 19.00 oere efter de sporthal te trainen. Of soe it wêze om op tiid klear te wêzen foar de Champions-Leaguewedstriid Tottenham Hotspur – Ajax? Wy hâlde it op it earste!

SDS’ers der op út! (1)

De familie Hiemstra-Sijbesma sit yn Gambia en seagen efkes by de topper op it heechste nivo dêr tusken Samger en Fortune. Hjir wie de ambiance al iets oars as dat wy it wend binne……. De wedstriid eindige yn in 0-1 oerwinning foar Fortune.


De mannen sieten al VIP!

SDS’ers der op út! (2)

Pieter, Tom en Willem Wijnia sochten it wat tichter by hûs. Sy wienen dochs mei de familie yn Dútslân en gienen efkes by Fortuna Düsseldorf – Werder Bremen sjen. Dêr wie de wedstriid tusken de nûmer 10 en 7 fan de Bundesliga stiif útferkocht en sieten der mar leafst 55.000 minsken yn de Merkur Spiel-Arena. De goals foelen as ripe appels en it waard úteinlik 4-1 foar Fortuna.

SDS’ers twadde mei skoallefuotbaltoernoai yn Easterlittens!

In kombinaasje fan spilers fan de JO11-1, 12-2, 12-1 en 13-1 foarmen it skoallefuotbalteam fan It Funemint út Wommels op Keningsdei yn Easterlittens. Sy behellen in knap twadde plak op it jierlijkse Geert Engbers-skoallefuotbaltoernoai. Yn de finale waard mei 2-0 ferlern fan Winsum.

SDS-League

Ferline wike wie der in trochdewyksprogramma, mar it wykein waard der net fuotballe. No soenen wy hjoed mei in nije stân komme kinne, mar de staakte wedstriid PEC- FC Groningen moat jûn noch útspile wurde. Wy hoopje dan moarn of woansdei mei de nijste stân te kommen

SDS-dropaksje

Foar wa ’t noch drop hawwe wol fan de SDS-dropaksje, der binne noch wat pûdsjes te krijen by Willem Wijnia. Sy koste €2,50 en 3 pûdsjes foar €6,-. Mail nei info@vv-sds.nl by ynteresse of fyts efkes del.
Afbeeldingsresultaat voor muntdrop jumbo

Keatskamp

Dizze wike is der oant en mei freed in keatskamp op sportpark de Skoalleseize wêrtroch wy sa lang gjin gebrûk meitsje kinne fan de kantine.

Harsens derby (2130)

Knappe frije traap! 😉