Programma 2 jannewaris

Krystweppers!
24 december 2015
Weppers moandei 28-12
27 december 2015

Op 2 jannewaris is de jierlikse nijjiersit fan SDS. Wij hoopje  dat it ek dy dei wer krekt sa aardich is as ferline jier. Alle leden, belangstellende supporters, sponsers, freonen binne wolkom.
It programma:

Rinne (13.00 oere)

Gewoan in rûntsje fan in kilometer as 6 rinne yn ús moaie omjouwing. Wat omsjen en bijprate…..

Drave (13.30)

In net al te lang rûntsje fan in kilometer as wat. Koarter as ferline jier dus foar elkenien te dwaan. Foar de sportive útdaging.

Snertite

En dan is der snert. Nei dizze sportive ynspanningen efkes op krêft komme.

We are one
 » Alle berichten
Mark Postma sil ús iets fertelle oer it We Are One prinsipe

Toa(r)ste op it nije jier
 
Underwilens is de toarst nei al dy ynspanningen ek oankommen en toaste wij op it nije jier. Efter de bar Jan Friso, Pieter, Elger en Bauke.

Kwiske

Ploechjes fan fjouwer/fiif man/frou bûge harren oer wat fragen oer fan alles en noch wat. Yn 20 minuten moat dat slagje. Hokker twa teams pleatse harren foar de finale?

League

Wa is de winner fan de earste helte fan de SDS league?
En wa mei de poedelpriis mei nei hûs nimme? 
De priiswinners/ferliezers wurde bekend makke.

Treffer-krystpuzzel
Troch middel fan lotsjen wurdt bekend makke wa ’t in pryske wint foar de goeie oplossing fan de Treffer-krystpuzzel.

Kontrakt

It is hast tradysje dat er in kontrakt ûndertekene wurdt op de nijjierssit. Wa soe it wêze?

Finale kwis

Dit binne de winners fan ferline jier. Sij wûnen de finale  efter it ferneamde TheodeJong-drukapparaat. Ek no wer in twastriid mei de twa beste teams.

Muzykje, friske en bierke
De mannen efter de bar kinne net allinne goed tapje, se kinne ek soargje foar in goed stikje muzyk wat past bij de stimming.