Evenementen in november 2022

sc Heerenveen – MVV grut súkses!
18 juli 2015
5 PC Earsten
27 juli 2015

Fakânsje
De ôfrûne wike wie der net folle aktiviteit op de webside. Ek webmasters meie graach oer fakânsje. Dizze wike begjinne wij wer rêstich.

Beker
Alle teams fan SDS dy’t meidogge oan de beker binne no yndield. Jim kinne bij it eigen team sjen wat de tsjinstanners binne. Sa’t yn de Treffer ek al oanjûn is, binne bij de jeugd allinne de standertteams yndield, fanwege in beheinde beskikberheid fan it fjild.

Kompetysje
Op de E- en F-teams nei, binne no alle SDS teams yndield yn in kompetysje. Ek dat kinne jim sjen bij de side fan it eigen team. It is noch foarloapich seit de bûn, dus kin der noch wat feroarje.

SDS 3
It SDS 4 fan ferline jier is no SDS 3 wurden. Ek harren kompetysje-yndieling is no bekend. Wy tinke dat flagger Daan Boersma hjir wol mei libje kin:

Balk 3
Balk 4
DWP 3
HJSC 2
IJVC 2
Makkum 4
Nijland 3
Oeverzwaluwen 3
ONS Boso Sneek 5
SDS 3
VVI 3
Waterpoort Boys 3

SDS 4
De kompetysje-yndieling foar SDS 4 sjocht der sa út:
CVO 2
Franeker SC 5
Frisia 1
Leeuwarder Zwaluwen 9
Lions’66 6
Ouwe Syl 2
S.C. Stiens 6
SC Berlikum 5
SDS 4
SSS’68 2
Tzum 2
Tzummarum 2

PC

De PC is kommende wei. De PC is in dei fan tradysjes. Wij binne ek op wei der in tradysje fan te meitsjen om te ûndersykjen wa’t no de echte PC kenner is fan 2015. Dat kinne jim dwaan troch ús te mailen hoefolle earsten de “SDS-ers”  dit jier helje. It begryp SDS-er nimme wij wat rom. Jim meie de folgjende keatsers meinimme yn de telling.
Erik Haitsma, Jelte Pieter Dijkstra, Jacob Klaas Haitsma, Dirk Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer.
Maile kin nei dit adres.

Harsens derby (1527)
Sa ’n buske spray is miskien ek wol wat foar Daan: