sc Heerenveen – MVV grut súkses!

Alles oer sc Heerenveen – MVV!
16 juli 2015
Weppers moandei 27-7
27 juli 2015

sc Heerenveen – MVV grut súkses!
Wy kinne wol sizze dat de wedstryd juster yn Easterein tusken sc Heerenveen en MVV in grut súkses wie. Mar leafst sa ’n 1200 minsken (of wienen it der noch mear?)hienen it paad nei de Skoalleseize fûn. De wedstryd eindige úteinlik yn in 1-0 oerwinning foar sc Heerenveen troch in goal fan Luciano Slagveer in kertier foar tiid. Nei de wedstryd bleaun it noch lang gesellich yn en om de kantine!

Tige by tige!
Fansels ferjitte wy wat minsken, mar by dizze wol wy dochs graach tank sizze oan sc Heerenveen en MVV en al ús leden, frijwilligers, stipers, Van der Eems, de Skoalleseize, sporthal de Greidhoeke en KF Easterein foar al jim help en stipe.

Foto’s Henk Bootsma
Fansels hat Henk Bootsma juster wer prachtige foto’s sketten. Jim kinne se hjir allegear besjen.
Permalink voor ingesloten afbeelding
Hero, Sjoukje!
Foto; Henk Bootsma

Foto’s Bauke de Boer
Bauke de Boer hat juster ek efkes in pear foto’s makke. Dy kinne jim hjir besjen.

De ôftraap
Mar leafst 27 bern rûnen mei yn de line-up by sc Heerenveen en MVV. 2 dêr fan rûnen yn it SDS-sjurt en mochten de ôftraap fersoargje. Nienke Zijlstra en Sybrand Stremler wienen de kening te ryk!


Te gek!
Net allinnich wy fûnen it juster machtich moai, mar ek Wouter-Jan Postma en Kevin Koehoorn!


sc Heerenveen – MVV it begjin
Bauke de Boer makke noch in aardich filmke fan de opkomst fan de spilers en it Frysk folksliet troch Folkert-Rients Vellinga (klik hjir).

Samenvatting sc Heerenveen – MVV
Hjirûnder kinne jim in samenvatting sjen fan sc Heerenveen-tv fan de wedstryd fan juster. Dizze kommentator hat it sels oer 2000 minsken!