5 PC Earsten

Weppers moandei 27-7
27 juli 2015
Kompetysjeprogramma SDS 1
31 juli 2015

Wa
Erik, Jacob Klaas, Jelte Pieter, Bauke, Dirk Yde en Jan, sij hawwe op ien of oare wize in relaasje mei SDS (hân) en fertsjintwurdigje ús klupke op de PC.

Lotting
De “stellerij” hat justerjûn plakfûn, want mei 4 pleatste partoeren is it wurd lotting net alhiel mear fan tapassing. Jim kinne
hjir it resultaat sjen. De kânsen foar de mindere partoeren op in priiske binne aardich lytser wurden.

Earsten
Wij soene graach witte wolle hoefolle earsten de boppesteande 6 keatsers helje op de wichtichste keatspartij fan it jier. Jim kinne maile nei
dit adres.
Doch it úterlik tiisdeiteitejûn.

De kenners yn folchoarder fan pessimist oant optimist:
17 Ype Tiemersma
18 Aant Hofstra
21 Immie Kamstra
22 Tjeerd Dijkstra (hoopt dat er der fier neist sit en dat it folle mear binne….)
23 Keimpe Meijer
25 Lolke Bouma
25 Douwe Dirk Reitsma
28 Feike Jorritsma
32 Dooitze Nauta
42 Boudewijn Kramer

Winner?
Ype Tiemersma liet ús op it lêste momint witte fanôf in boerekamping dat hij 17 earsten ynskatte.
Om him no út te roppen as PC kenner giet ús hast te fier sjoen it oantal earsten wat helle is en de earsten dy’t hij ynskatte dat helle wurde soe.
In tige meager oantal earsten fan 5 behelle troch Jelte Pieter (1), Jacob Klaas (2) en Erik (2)